Hoe makkest bern bewust fan de wearde fan jild? Wannear begjinst mei bûsjild en hoefolle joust dan? Hoe leist bern út datst sparje moatst ast wat hawwe wolst? Bern en jild, in lestige kwestje. Help nedich? Op Nibud.nl fynst allerhande tips en hantfetten.
Tips fan it Nibud by it jaan fan bûs- en kleanjild:
- Jou hieltyd itselde bedrach op in fêst tiidstip.
Op Nibud.nl stiet in tabel mei bûs- en kleanjildbedraggen en leeftiden. - Praat ôf hoelang’t se mei it jild dwaan moatte en wyk dêr net fan ôf.
- Jou dúdlik oan wat wol en net fan it jild kocht wurde moat en mei.
- Bûs- en kleanjild is gjin lean en ek gjin middel om mei te straffen.
- Set dizze ôfspraken op papier, meitsje dêr foar alle partijen in kopy fan en set
allegear in hantekening ûnder it ‘bûs- of kleanjildkontrakt’.
Bûsjild en sparjen
Neffens it Nibud komme bern letter minder faak yn finansjele problemen wannear’t se jong leare sels te kiezen wêr’t se harren jild oan útjouwe.
Mei hoefolle jier begjinne jo dan mei dy finansjele opfieding?
Fan in jier as 6 ôf kinne bern de ferskillende jildstikken werkenne en binne se yn prinsipe âld genôch foar bûsjild. Se sille it jild yn de measte gefallen fuortendaliks útjaan wolle, dus ôfspraken meitsje is wol handich. Wannear’t se wat âlder binne, krije se behalve mear ynteresse foar jild ek mear besef fan tiid. Dan begripe se dat se in skoftke sparje moatte foar wat grutters.
‘Hoe kin ik sparje as ik net wurkje?’
Marja (41) fertelt oer soan Jayden fan 8 dy’t sûnt in jier bûsjild kriget.
‘Hy frege om Lego mar syn jierdei en Sinteklaas duorren noch efkes. Ik ha him útlein dat er dan mar sparje moast. Hy reagearre mei: “Mem, hoe kin ik no sparje as ik net wurkje?” Sûnt dy tiid kriget Jayden € 2,- bûsjild yn ’e wike.
Fêst bedrach op in fêst tiidstip
It is goed om bern te learen ûnderskied te meitsjen tusken wat se nedich hawwe en wat se graach hawwe wolle. Wichtich is om in fêst bedrach oan bûsjild te jaan en dat op in fêst tiidstip te dwaan.
Meike fan 6 en Ties fan 4 krije sûnt koart bûsjild. Nienke (35, trije bern) fertelt hoe’t it no giet. ‘Meike is heel rustig en pot haar zakgeld echt op, terwijl Ties alles wil hebben. Het geld brandt in zijn zak en hij is heel gevoelig voor reclames. Foar dat bûsjild moatte de bern trouwens wol wat dwaan. ‘Iedere zaterdag krijgen ze € 0,50, mits ze hun kamer opruimen. Is dat klaar, dan krijgen ze het geld direct. Doen ze het niet, dan krijgen ze niets.’
Sparjen kinsto leare
Underfinings opdwaan mei sparjen is wichtich foar bern. Se leare hoe’t se jild reservearje moatte foar gruttere en ûnferwachte útjeften. Fan in jier as tolve, trettjin ôf kinne se faak ridlik goed omgean mei bûs- en kleanjild.
Handich boek foar bern: ‘Tel je geld‘
Auteur: Femke Jaarsma
Ut: Heit & Mem 2 – 2014