Bern kinne om watfoar reden dan ek muoite hawwe mei lêzen. Faak bliuwe resultaten efter op leeftydsgenoaten en wurde bern konstant konfrontearre mei de fouten dy’t se meitsje. It lêzen mei de foarlêshûn kin de oplossing wêze.
De hûn hat altyd al in wichtich plak ynnaam yn it libben en wurk fan de susters Yvonne Weijer en Lies Tinga. Tegearre hawwe se it buro Zuss kinder- & opvoedcoaching yn Winsum. It lêzen mei de foarlêshûn is de nijste training dy’t se oanbiede. Yvonne wit noch presys hoe’t de kursus mei de foarlêshûn op harren paad kaam. Se hearde der fan fia in kollega fan har man yn it spesjaal ûnderwiis. “‘Wat fynsto hjir fan’, frege ik Lies doe’t ik it har foarlei. ‘Dit is fantastysk’ se se fuortendaliks. We ha ús dyselde dei noch opjûn foar de kursus.”
Yvonne en Lies sjogge it hyltyd faker om har hinne, bern dy’t wol wat ekstra stipe brûke kinne yn alles wat se leare moatte. Dêrneist wurdt it belang fan lêzen ûnderskat troch in soad âlders, fine de susters. Yvonne: “As in berntsje yn it begjin al net meikomme kin yn it lêzen, dan geane se it ûntwiken. Dan reitsje se steeds fierder achterop en kieze se letter miskien wol in hiele oare oplieding dan wat se eins woenen. Ast net goed lêze kinst hat dat ynfloed op in hiel soad saken yn dyn hiele libben. Goed leare te lêze freget om tiid en oandacht, in hûn kin dat mear oan it bern jaan dan wy as minsken. Wy hawwe te gau de neiging om te korrizjearjen, of in wearde-oardiel te hawwen oer wat it bern docht. In hûn hat dat net.”
Wat hat dy hûn wol wat de bern stipet by it lêzen?
Lies: “De waarmte fan it liif fan de hûn, de rêst en de oandacht makket dat it bern noflik lêze kin. Yn in eigen tempo, sûnder dat immen ûnderbrekt of ferbetteret. Dat jout it bern it fertrouwen dat it sels lêze kin.
Hoe giet it lêzen mei de foarlêshûn yn syn wurk?
Earst wurdt de romte foar it lêzen klearmakke. Dat kin sawol by immen thús, op skoalle of by Lies en Yvonne yn Winsum wêze. Sy soargje dat se de romte fan te foaren goed besjoen en ynspekteard hawwe. Is it der rêstich genôch? Rinne der net tefolle minsken del? En wichtiger noch; rinne der gjin minsken yn en út de romte? Alles kin ôflieding wêze, foar it bern mar ek foar de hûn. As dat goed besjoen is rjochtsje se in hoekje yn. In pear kessens, in goed ljocht, in fijn plakje om te sitten. Ek it spesjale foarlêskleed fan de hûn komt der by te lizzen. Dat is in kleed wêrfan de hûn wit, dat as er dêr op lizzen giet, dat der lêzen wurdt. Sa hat de hûn ek in pauzekleed.
As it safier is sykje de bern en de hûn harren plakje, lekker ticht by elkoar. Yvonne en Lies hawwe in trúkje leard om te soargjen dat de hûn in boek nijsjgirrich fynt. As it boek iepen giet en it rûkt nei yts dat de hûn lekker fynt, dûkt er der fansels fuort mei de noas yn. Dat entûsjasme fan de hûn jout it bern al motivaasje om te lêzen. Lies: “Dy hûn dy docht ferfolgens yts, dat je net sizze kinne mar allinne fiele. Hy hellet de spanning fuort by it bern. Hy jout in gefoel fan feiligens, fertrouwen, geduld, in bepaalde enerzjy.” Yvonne: “It soarget derfoar dat der gjin druk is by it bern. Dat makket dat it bern ûntspant, plesier hat yn it lêzen en dêr sjitte de resultaten fan omheech.”
Fansels sjocht Lies of Yvonne op in ôfstandsje mei nei hoe’t it giet. Lies: “Mar we bemuoie ús net mei it lêzen, we dogge krekt of binne we der net. Dat is it geheim. It bern is mei de hûn en sy lêze tegearre.”
De hûn spegelt myn gefoel
Net eltse hûn kin foarlêshûn wurde. Perro, de foarlêshûn fan Lies en Yvonne, is der foar sertifisearre en ek de baaskes hawwe in kursus folge. Lies en Yvonne hawwe beide sels ek in soad opstutsen fan de kursus. Lies: “Ik haw der better fan leare te sjen nei de hûn, mar ek nei de bern en nei mysels.” Yvonne: “Ik lústerje noch mear nei de hûn, dan dat ik al die. Hy spegelet myn gefoel, en dêrtroch kin ik better fertouwe op dat gefoel. Dat makket dat ik better beslissings meitsje kin. De hûn lit my sjen wat goed is en wat net, krekt as er dat by de bern dat as er by harren leit by it lêzen.”
It lêzen mei de foarlêshûn is geskikt foar bern út groep 3 en 4, en foar bern dy’t op it spesjaal ûnderwiis sitte. Nei in pear sessys fan in heal oere sjochst al resultaat. In strippekaart foar 10 sessys is in oanrieder foar wa’t ynteresearre is. Mear witte? Sjoch op www.zusscoaching.nl.