De resinsje fan Rozemarijn: Wat in rommel!
Us piken fertsjinje mear!
Wy wolle natuerlik it bêste foar ús bern. Sa ek de eksters yn it printeboek Wat in rommel! fan Emily Gravett, foar bern fan 2 oant 6 jier. Sy bouwe in nêst yn in hege beam. Mar as de fjouwer lytse blauwe aaien deryn lizze, is it de eksters noch net nei it sin. Sy sykje nei moaie spullen foar de takomstige piken en komme werom mei lytsguod, lykas koekoeksklokken en in slinger mei knipers en sokjes deroan. “It koe minder”, seit it âlderpear. “Mar ús piken fertsjinje mear.”
It spul dat de eksters ophelje, wurdt hoe langer hoe grutter. Sa fiskje sy in bernewein út de feart, stelle foar alle pykjes in fyts en as lêste fljocht der in auto troch de loft! Mar dat wie krekt wat tefolle. De beam brekt en al it guod komt op ’e grûn del. En de aaien reitsje kwyt. De bisten út it bosk, dy’t alles besjoen ha, helpe om de spullen fuort te heljen. Lokkich ferskine der fjouwer perfekte piken ûnderoan de berch!
Wat in rommel! is ien fan de moaiste berneboeken dy’t ik yn skoften lêzen haw!
It is natuerlik in ferhaal mei in dúdlike moraal, mar de skriuwster bringt it mei safolle humor dat dat hielendal net slim is. It begjint al asto it boek iepenst. De binnenkant fan it boek bestiet út advertinsjes foar allegear spul dat fansels ûnmisber is. Dy folders sjochst ek yn it nêst fan de eksters werom. Lykas de eksters binne minsken net gau tefreden. Mar stiet ús hûs net krekt as it nêst te fol? En hawwe de bern wol safolle nedich? Boppedat kinne dingen ek opnij brûkt wurde. De spullen dy’t út de beam falle, krije ek in nije bestimming. Sa wurde de sokjes de sliepsekken fan de mûskes en de bernewein in race-auto foar de iikhoarntsjes. En de das soarget derfoar dat al it ôffal wer netsjes opromme wurdt.

Wat in rommel! is ien fan de moaiste berneboeken dy’t ik yn skoften lêzen haw! It ferhaal is oerset út it Ingelsk, mar sa goed dat it krekt liket oft it in orizjineel Frysk ferhaal is. De rymjende sinnen rinne prachtich. Troch de skitterjende kleurrike yllustraasjes wurdst meinaam yn de absurditeit fan it ferhaal. Us bern fine it sa grappich! Bygelyks dat it iikhoarntsje oan de fyts meifljocht troch de loft. Ik mocht it boek wol trije kear efterinoar foarlêze.
Rozemarijn Strubbe (Wommels),
Mem fan Benn (6) en Casper (3)
-> Rozemarijn is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.


Wat in rommel!
In eksterpear bout in nêst foar harren prachtige aaikes. Al gau miene se dat in gewoan nêst net goed genôch is en se komme mei fan alles en noch wat oansetten, it spul wurdt hoe langer hoe grutter, sels in auto wurdt nei it nêst tôge, oant…
In hearlik printeboek oer wat tefolle rommel docht…
De resinsje fan Marjan: Wat in rommel!
In kadootsje mei fleurich stippeltsjepapier deromhinne en in wolkomstkaartsje derby, foar my as nij panellid, kaam fan ’e wike troch de brievebus! Ik hie der sin oan om dat kadootsje út te pakken en ús Sarah (5)
en Stefan (9) ek. Ut it papier kaam in boek mei in prachtich yllustrearre foarkant en dat frege derom om it hiel gau te iepenjen en te lêzen.
Dat is dan ek krekt wat wy dien hawwe.
Frysk yn ‘e klasse – CBS It Haskerfjild
‘Kom by ús op skoalle’, falt op in grut boerd te lêzen by CBS It Haskerfjild. In moai boadskip om bern harren wolkom fiele te litten op dizze basisskoalle op De Jouwer. Net gek, want hast al it personiel praat Frysk. Ien learkrêft springt der op it gebiet fan de Fryske taal dochs wol út: juf Sissy fan groep 1 en 2.
8 tips foar in poppeslokparty! (kraamfeest)
Nije âlders kinne faak net wachtsje om harren lytse wûnder oan de wrâld sjen te litten. Guon stelle harren hús de earste moannen iepen foar kreambesite, mar der binne ek âlders dy fiele mear foar ien grut kreamfeest; in poppeslokparty! Hoe’st dat no organisearje moatst? Wy jouwe dy tsien tips!