De resinsje fan Lara: Flarde
De kaft nûget bot út om dit boek te lêzen. De titel en de ôfbylding binne tige nijsgjirrich; wêr soe dit boek oer gean? Ik hie dan ek tige nocht om oan dit boek te begjinnen. Mar krekt dat begjin, dêr moast ik echt trochhinne wrakselje. It duorre in skoftke ear’t ik yn ’e rekken hie dat it Neat hjir sprekt yn ien lange sin fan hast 3 siden. Der steane gjin punten en dat makket dat ik hast ôfheakke. Wylst der echt wol moaie ideeën beskreaun wurde oer it libben en de minsk troch it Neat.
Ast ienkear troch dy siden hinne bist, begjint it ferhaal yn in hiele oare styl. Falst midden yn de reis fan Aede. In reis nei Frânsk Baskelân, nei Sarat, mar ek in reis nei himsels. Of is it krekt in reis by himsels fuort? Dat is de fraach. Aede is in man fan middelbere leeftiid dy’t yn it leanbedriuw fan syn heit opnommen is. Hy hat in frou en in soan. Mei it bedriuw en syn houlik giet it net goed. Om it bedriuw draaiende te hâlden wol er graach de fruchtberste grûn fan de wrâld útfine en neffens him moatte dêr yngrediïnten út it Baskelân by. Dêrneist is er ek manager fan Sarat, in earst wrâldferneamde sjongeres, dy’t al lang neat fan har hearren litten hat. In frou dy’t syn libben yn en út fljocht. Eins is sy syn grutte leafde. Aede tinkt dat as hy har mei de Baskyske sjongers gearwurkje litte kin, dat hy beiden wer op de kaart sette kin. En dêrmei ek himsels. Geandewei komst derachter dat der eat net kloppet.

It ferhaal is skreaun yn prachtich Frysk, mei net-deistige wurden en ropt moaie bylden op. Sa beskriuwt Kingma hoe’t Aede as jonge ûnder wetter lei, krekt sa lang oant der wol wer na boppe ta moatst. Kinst de stilte hast hearre. It taalgebrûk is sa no en dan hiel poëtysk.
Der binne ek gedichten yn oare talen en der is in protte te learen oer oare skriuwers en harren sitaten. Dy moatst dan wol allegearre sels opsykje, want der wurdt net in soad dúdlik makke yn dit boek.
It Neat komt trije kear werom. It is nijsgjirrich dat it Neat op donkergrize siden drukt is, dat is in moaie ôfwikseling. Al mei al is it boek net foar elkenien, it moat dyn sjenre wol wat wêze en guon stikken binnen dreech om trochhinne te kommen. Mar it plot is ferrassend, it Frysk is prachtich en der steane moaie bylden yn.
Lara Kool
Afûkboekpanel
De resinsje fan Ike: Flarde
Mei in soad niget haw ik it boek Flarde lêzen. Yn earste ynstânsje wie ik nijsgjirrich nei de relaasje tusken Fryslân en Baskelân, sjoen nei de oerienkomsten tusken beide eigen talen, kultuer en status yn it lân. Dat kaam yn it boek net nei foaren. It boek is flot skreaun, mar net foar de begjinnend Fryske lêzer. Yn it begjin moat je efkes wenne oan de skriuwstyl, mar al gau sitst yn it boek en wolst witte wat der noch mear barre sil. Hokker wendingen naam wurde en hoe’t alles dochs wer in oare kant op liket te gean. Ien ding bliuwt gelyk: Aede lit Sarat in haadrol spylje yn syn libben.
Boekresinsje ‘Sake ûntdekt in wûndereilân’ troch Lara
‘Sake ûntdekt in wûnder eilân’ is in spannend boek foar bern, dy’t harren fantasy noch net ferlern binne. Moai om foar te lêzen foar bern fan likernôch 7-8 jier. Tjits nimt dy mei yn de wrâld fan it floggen (iets wat faaks nij is foar de foarlêzer) en tagelyk ek yn de wrâld fan de fantasy. De tekst wurdt ôfwiksele troch dúdlike yllustraasjes, dy’t dy meinimme yn de wrâld fan Tjits.
Recensie ‘De rôf fan de Fryske Mummy’ door Lara
Het valt niet mee om een goed boek te vinden voor kinderen tussen de 10 en 12 jaar, dat leuk is om te lezen voor jongens én meisjes. Laat staan in het Fries! Dit boek trok in eerste instantie alleen de aandacht van mijn oudste, die gek is op de mummies van Wiuwert. Maar zo’n boek in het Fries met maar weinig plaatjes, hoe mooi en gedetailleerd die ook getekend zijn, was toch een te grote drempel om zelf in te beginnen. Gelukkig is dit boek uitermate geschikt om uit voor te lezen.