Boekresinsje: ‘Abe en de Aardichman’ troch Hilde van Kalsbeek
We krije wer in prachtich foarlêsboek fan de Afûk oer de post, ‘Abe en de Aardichman’. Ik lês it boek foar oan ús âldste dochter Marij (5).
It boek giet oer Abe. Hy is krekt ferhuze nei in oar wenplak. It hûs hat in ferwyldere tún dêr’t Abe boartet ûnder in âlde strúk. Under dy strúk komt in bultsje swarte ierde yn beweging… Al gau moetet Abe in mysterieus wêzen. Abe neamt him de Aardichman. Abe is yn syn foarige wenplak pleage. Hy is dêrtroch it fertrouwen yn freonskip ferlern.
Yn syn nije wenplak wennet in famke yn syn buert. Se hjit Sibrich. Al gau siket Sibrich Abe op om tegearre te boartsjen. Earst moat Abe dêr neat fan ha. Mar de Aardichman soarget derfoar dat Abe dochs mei Sibrich boartet. Ek Sibrich wit fan de Aardichman. Yn har tún wennet de Modderman. Neidat Abe yn it doarp útglidet yn de fontein en hy tinkt dat Sibrich him útlaket, nimt Abe de Aardichman yn fertrouwen en fertelt him wat der bard is yn syn foarige wenplak. En wêr’t syn âlde brânspuitauto, dy’t hy fan pake krigen hat, bleaun is.
Mar dan wolle heit en mem de tún opknappe. Krekt de âlde strúk dêr’t de Aardichman ûnder wennet moat derút. Abe docht der alles oan om dat foar te kommen. Mar dan is de Aardichman fuort… Abe giet op syk en freget de Modderman om help. De Modderman seit dat Abe sykje moat op de âlde grûn. As Abe by de Modderman weikomt, sjocht hy Sibrich fytsen. Hy fertelt har dat de Aardichman fuort is. Tegearre geane se op syk.
It begjin fan it ferhaal is wol wat spannend. Al gau krijt it personaazje ‘Aardichman’ wat mear betsjutting. It boek jout in moaie ôfwikseling tusken ferbylding en werklikheid. Freonskip stiet sintraal, mar ek de âlde brânspuitauto fan pake komt hieltyd werom. It boek makket nijsgjirrich oant de ein.
Wolst witte oft Abe de Aardichman noch weromsjocht? Wêr’t de brânspuitauto is? En wat der úteinlik bart mei de âlde strúk? Lês dan ‘Abe en de Aardichman’. In aventoerlik boek dat ynspilet op de belibbingswrâld fan bern fan 5/6 jier ôf.

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?
In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint mei prachtige yllustraasjes.
Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting
Se krije geregeld de fraach oft se harren swangerskippen miskien opinoar ôfstimd hawwe. Anne Kruisenga-Rohn (34) en Gerbrich van Baar-Rohn (32), opgroeid yn Arum, moatte dêr altyd om laitsje. ‘It is echt tafallich dat wy dit alles tagelyk belibje meie.
Boekresinsje ‘De bûseskatten fan Poike’ troch Thominde
De titel van dit boek past heel goed bij mijn dochter van 6 jaar en zoontje van 4 jaar. Elke dag uit school kijk ik hun tassen en hun jassen na, om bijzondere schatten te ontdekken. Van meelwormen (voor de schoolkippen) tot diamantjes die op de grond van het schoolplein lagen en van klei (wat lekker vastgekleefd zit in de jas) tot steentjes die ze als ‘maansteen’ bestempelen. Elke dag is weer een feest wat ze hebben verzameld. Dus toen ik een recensie mocht schrijven over dit boek, wist ik dat dit een voltreffer zou zijn bij de kinderen.