Zoek op inhoud

De nije heit&mem is der wer!

Ja, hy is der wer! Fol mei moaie en nijsgjirrige artikels, spesjaal foar jim!

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear! Do kinst hjir de heit&mem digitaal ynsjen.

Op de cover

Bo Kamsma (7 jaar) en haar papa Jelmer Kamsma (39 jaar) wonen in Joure. Samen vinden zij het erg leuk om te koken, Bo zoekt de recepten uit en leest deze dan voor. Ook gaan zij vaak samen op avontuur, broertje Jack (3 jaar) gaat dan ook graag mee. Naar het strand waar papa kitesurft, samen vliegeren, naar het bos of naar het strand.

Sjoch hjir foar de ferspriedingslist.

Bertefotografy: emoasjes yn byld

Bertefotografy is yn de rest fan Nederlân al jierren populêr, mar ek yn Fryslân kieze hieltyd mear âlders derfoar om dit bysûndere momint fêstlizze te litten. Net allinnich om letter werom te sjen op dy earste mominten, mar ek om it ferhaal fan de berte in plak te jaan.

sa prate wy thús

Sa prate wy thús: Thorsten en Amarinske

Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.

Sa lêze wy: Eke en Doete

Yn ús gesin is it momint foar it sliepen gean mear as allinnich de dei ôfslute. It is in fêst ritueel wurden dêr’t wy allegear nei útsjogge: tegearre in boekje lêze. As de jûn falt en de rêst yn ’e hûs weromkomt, krûpt mem mei dochter Doete (4) ûnder de tekkens mei in Frysk boekje yn ’e hân.

Panorama

We binne yn Athene. De stêd dêr’t Floris sûnt in jier wennet.
Trije jier werom wiene we om deselde reden yn Georgië.
De reis is minder spannend as doe. Der is in stevige basis. It is dúdlik wat de ferwachtingen binne en dat is fijn.
Teminsten foar ús. Der is altyd in stim yn myn holle dy’t rekken hâldt mei Teije. Wat betsjut dizze reis foar him? En is it foar him like dúdlik as foar ús?