Super leuk, ik mei it boek “Wêr is myn skaad?” mei de bern lêze! Ik bin fuortendaliks entûsjast, want wat sjocht dat boek der prachtich út.
De bern binne earst wat minder entûsjast, want dy sitte yn de leeftiid dat se graach sels harren boeken útsykje wolle en ja, dit hat mem wer betocht.
It boek giet oer in iikhoarn, kikkert, knyn, pykje en stikelbaarch dy’t mei moai waar bûten oan it boartsjen binne en harren skaad ûntdekke. Se binnen hearlik mei harren skaad oan it boartsjen, oant it skaad samar fuort is. Hoe kin dat no? En belangriker, wêr is it bleaun?
It ferhaal is moai en ienfâldich skreaun, wêrtroch’t it hiel maklik foarlêzen wurde kin. Tagelyk biedt it ek alle rûmte om djippere petearen mei de bern oan te gean. Njonken de ûntdekking dat der soks as skaad bestiet en hoe’t dat dan eins wurket, kin it boek ek in oanlieding wêze om te praten oer oare ûnderwerpen, lykas de natuer en har bisten foar de lytsere bern, of oer wat it mei dy docht as der samar wat feroaret of fuortfalt, foar de wat âldere bern.
De prachtige yllustraasjes fan Willemke Brouwer fersterkje it ferhaal net allinnich, mar biede ek in soad ekstra’s. Der is op elke side wol wat te sjen en te ûntdekken, ek bûten it ferhaal om. It is ien fan de pear boeken wêrby’t ik by it foarlêzen maklik mei de bern yn petear kom oer wat der yn it boek bart en te sjen is. Dat komt foaral troch de moaie yllustraasjes en de romte dy’t de wize fan skriuwen lit foar ynterpretaasje.
Dit boek wurdt oanret foar bern fan 3 oant en mei 6 jier, mar troch de moaie tekeningen tink ik dat it ek al geskikt wêze kin foar jongere bern.
De bern fine it boek dochs wol leuk en de dagen neidat we it lêzen ha, komt it ek noch werom yn gesprekken of ûnder it boartsjen. We sille der grif faker út lêze.
Tietsje Vonk
-> Tietsje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.
Boekresinsje ‘Anton yn it museum’ troch Irene
Wannear’t ik Anton yn it museum oan Arne (3 jier) foarlês, falt my fuort it kontrast fan dit boek op. De earste siden binne griis en grau. Se litte sjen hoe saai oft it bestean foar guon wêze kin, mei in saai hûs en saai wurk op in saai kantoar. Mar it libben fan Anton – en de siden fan dit boek – krije hieltyd mear kleur.
Boekresinsje ‘Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse’ troch Marie
It boek Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse giet oer in bear, neamd Sibbedeus, dy’t in pakje krijt mei de post fan iene Wisse. Sibbedeus hat gjin idee wa’t dy Wisse is, mar is wol nijsgjirrich en pakt it út. Yn it pakje sit it spultsje Gânzeboerd, mar dan foar ien persoan.
Boekresinsje fan Wietske: Ik wol in bosk op ’e jierdei
Voor mij ligt een vrolijk gekleurd boek met een titel waar onze kinderen gelijk nieuwsgierig van worden. “Een bos op je verjaardag? Hoe kan dat nou? Mem, dat kan toch niet echt?” zegt de jongste. De middelste heeft er wel een idee bij: “Misschien kun je wel een boom planten, mem.” Mooi om alleen naar aanleiding van de voorkant al met elkaar in gesprek te zijn.