Zoek op inhoud

Bern en rou

As der ien yn de omjouwing stjert rekket dat de hiele famylje. Hoe gean je dêr mei om? Wy fregen it jimme op ús sosjale media en fan roubegelieder Frouk Jeske Abma krigen wy de folgjende tips.


Roubegelieder Frouk Jeske Abma: “Yn elke libbensfaze fan in bern is it rouwen oars. Sa hat in beuker geborgenheid, feilichheid en krûpkes nedich. Somtiden kinne se bang wurde yn it tsjuster.  Skoalbern wolle faak praktyske ynformaasje hawwe. Lis dit sa konkreet mooglik út en fertel hoe’t it is. Jou de romte om fragen te stellen.

Tieners wolle graach belutsen wurde by it stjerren en it ôfskied en pubers litte somtiden net folle sjen fan harren fertriet en soms hawwe se ek lest fan skuldgefoel. It wol net sizze dat se net mei it ferlies dwaande binne. Nedich se út om te praten.”

It omgean mei rou by bern

  • Foar de measte bern is struktuer wichtich, faak is it fijn om ek wer gewoan nei skoalle te gean nei in ferlies. Op skoalle kinst it ien en oar ôfstimme mei de dosint.
  • Pine búk, pine holle, minne konsintraasje kinne útingen weze fan rou, wês hjir bewust fan.
  • Wês alert op gedrachsferoaringen by bern. Tink oan ytgedrach, sliepgedrach, werom lûke, prikkelberheid en lilkens.
  • Praat oer dejinge dy’t ferstoarn is, helje herinneringen op.
  • Ferstopje dyn eigen gefoel net foar dyn bern. Lit sjen hoe dreech it is om mei pynlike gefoelens om te gean en dat je stapke foar stapke wer in wize fine om dermei om te gean.
  • Stel op spesjale dagen it gesin sintraal en jou tegearre foarm oan dizze dagen.
  • Wês kreatyf mei bern. In glêzen potsje fersiere foar in kearske of siedsje wat blomkes. Meitsje in herinneringsbakje, in emoasjekessen, in fotoboerd, in treastbûsdoekje ensfh. 

‘Iepen wêze is belangryk. Yn harren fantasy wurdt it faak folle slimmer.’

Christina: “We seinen tsjin de bern ‘pake is opbaarnd’, wy ha der nea omhinne draait. Se ha der op ‘e kop en earen by stienen doe’t we de urn krigen en se ha dr efkes ynsjoen. Se ha de kiste fersierd en de kearskes oanstutsen. It kearske fan pake stiet noch op harren kastke en letter is dy fan beppe der ek by kaam.

Dieke: De dood is onderdeel van het leven en ze zullen er nog vaak mee geconfronteerd worden helaas dus kun je ze als ouder juist helpen er op een goede manier mee om te gaan. Kinderen hebben ook recht op hun rouwproces. Je hoeft het ook niet mooier te maken dan het is maar zeker niet weg te stoppen. En huilen mag….

Hannie: Sis gewoan sa’t it is. Net sizze dat ien yn de wolken is. Dat ha ik ûnderfûn mei ús dochter. Sy tocht doe’t wy mei it fleantúch gongen dat se ús âlde hynder wer sjen soe. Want wy gongen dochs nei de wolken?

Marianne: Mijn kinderen zijn overal bij betrokken geweest tijdens de ziekte en het overlijden van mijn vader, hun pake. Ze hebben zelfs gedeeltelijk geholpen met het afleggen. (Pake moest wel lekker ruiken!)

Rianne: Nei de kremaasje hienen de bern moaie en bysûndere ferhalen. Ien (6) rôp: “No, as ik stjer, dan wol ik krekt as pake yn ‘e oven, lekker waarm.” En de oare (7) woe dat alhiel net en waard leaver begroeven, hy moast neat fan de oven ha. Se ha mei west doe’t pake syn lichem yn de oven gong. Ek dat wie in moai ôfskiedmomint foar de bern. Se kinne der iepen en earlik oer prate. Der is hjir gjin taboe oer. Allinnich mar hiel folle leafde.

Mathilda: Iepen wêze is belangryk. Yn harren fantasy wurdt it faak folle slimmer. It heart by it libben. Sjoch wol nei de sinjalen dy’t se sjen litte. As se wat wegerje, dan neat opdringe. Se hoege bygelyks net perfoarst yn in kiste te sjen at se dúdlik sizze dat se net wolle.

Rou fielst ek yn dyn lichem

Frouk Jeske Abma hat har eigen praktyk en begeliedt minsken dy’t mei ferlies te meitsjen hawwe of krije, bygelyks fan in partner of in bern. ‘It giet om gefoel, ek wol “rouwen met compassie” neamd.’

Hulp bij opvoeden

Waar kun je hulp vragen als het niet zo lekker loopt met je gezin? ‘Dat voelt als falen, en het is flink balen als je het niet alleen afkunt’, zegt Janine. Janine en Joris* kaarten het probleem aan bij het consultatiebureau, dat hen doorverwijst naar Home-Start, een programma van Humanitas. Albertje, de vrijwilliger van Home-Start, helpt hen op weg en voelt nu als een extra familielid, ‘een oma erbij’.

Hilde’s hart: deel 1 ‘Het meisje stierf in de armen van haar moeder’

Nog veel meer dagen hadden Coriene en Rienk met hun kleine famke in het ziekenhuisbed willen blijven liggen, ook al klopte het hartje van Hilde niet meer. Onvermijdelijk was het moment dat de verpleegkundige hun baby overnam.

De resinsje fan Bettine: It simmerboek

Hoewol’t it moaie waar mar net echt troch liket te kommen, hawwe wy ús aldermachtichst fermakke mei it Simmerboek. It is in boek fol mei koarte ferhaaltsjes, ferskes, gedichtsjes en opdrachtsjes.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine