Zoek op inhoud

Rou fielst ek yn dyn lichem

Frouk Jeske Abma hat har eigen praktyk en begeliedt minsken dy’t mei ferlies te meitsjen hawwe of krije, bygelyks fan in partner of in bern. ‘It giet om gefoel, ek wol “rouwen met compassie” neamd.’


‘Ik rjochtsje my foaral op it lichem, fanút de fyzje dat rou him opslacht yn dyn liif. En dat rou field wurde mei! Soms is praten net foldwaande en fielen safolste mear. It liif stiet sintraal om by dyn gefoel te kommen. Goed sykhelje (kinne) is dêrby ek belangryk. Ik wurkje ûnder oaren mei oefeningen om minsken dat better te learen.’

Libbensline opstelle
‘Foar elke persoan is de behanneling wer oars. Je begjinne mei in ferkennend petear en dat is hiel persoanlik. Dêrnei stelle we in libbensline/ferliesline op. By it meitsjen fan sa’n “line” – in soarte fan persoanlike lânkaart fan dyn libben – geane we yn op moaie tiden, mar ek op (hiel) drege tiden. Emoasjes dy’t ek gean oer ferlies, fertriet en rou. Dat is faaks konfrontearjend, mar helpt ek by it ynsichtlik krijen fan de pine/it gefoel. Wêr fielst wat yn dyn liif? En njonken datst pine fielst, feroaret nei in “gebeurtenis” faak ek it takomstbyld. Dat kin ek sear dwaan! En fielst dat no earst noch net, dan komt it letter wol. Dat heart ek by it herstelproses.’

De sirkel rûn meitsje
‘Sûnt trije jier ha ik myn eigen praktyk. Dêrfoar wurke ik as ferpleechkundige yn ’e thússoarch. Je hawwe dan ek te krijen mei minsken yn harren lêste libbensfaze. At ien stjert, dan hâldt it ferhaal as ferpleechkundige dêr op, mar eins sit der noch in hiel proses omhinne. Dêr woe ik graach mear mei dwaan. Sa ha ik de opliedingen útfeartbegelieding en massaazjeterapy dien. In moaie kombinaasje om fanút myn ûnderfining de soarch te bieden dy’t minsken noadich hawwe. Sjoch it as in sirkel dy’t no rûn is. 

Myn krêft sit yn myn rêst. Ik doar stiltes falle te litten en bied feilichheid. Neat moat, ik wurkje just yntuïtyf. Dat kin by my yn stilte en ek mei muzyk, mar krekt wat past by it herstel en de persoan.’

Rêst en herstel foar wa’t it noadich hat
Jantje is in pear jier ferline by Frouk Jeske telâne kaam nei it ferlies fan harren jonkje, seis dagen nei de berte. ‘Wat begûn as in massaazje foar pine yn ’e skouderblêden rûn as fansels oer yn myn proses fan rou ferwurkjen. Ik ha yn dy tiid ek in protte opskreaun: wat erfaarst, wat fielst… Bliuw praten, oer it berntsje, mei-inoar, en sykje help. Moatst it úteinlik sels oplosse. Ik ha no wer rêst yn myn liif.’

Alles mei en alles kin
Jantje: ‘Wat ik fijn fyn by Frouk Jeske is dat alles mei en kin. Janke, laitsje, boas wêze… Ik ha leard om minder troch te dinderjen, my mear bewust te wêzen fan myn liif en gefoel.’

Dat is ek wat Frouk Jeske minsken meijaan wol: ‘Fergelykje it mei in roeiboatsje. Ast allinnich mar oandacht bestegest oan de fertrietlike en/of boaze kant, dan roeist mei ien riem en bliuwst rûntsjes draaien. Itselde jildt ast allinnich mar “moai waar” spilest. Dan roeist ek mei ien riem yn in rûntsje. Belangryk is dêrom dat minsken leare dat blydskip en fertriet neistelkoar bestean meie. Datst dysels wer tastiest om blydskip te fielen.’

Jantje: ‘En hâld oare bern der net by wei. Bern binne earlik en hawwe harren eigen proses. Se freegje faak wol at se wat witte wolle. Ek al fine wy as folwoeksenen it somtiden dreech om te praten, dochs is dat belangryk. Us âldste jonkje wie doe twa jier en dy hawwe wy der ek by belutsen.’

Ferbining meitsje
Frouk Jeske: ‘Njonken dat ik minsken echt helpe kin, jout it my ek in goed gefoel dat ik minsken dy’t hjir de doar útrinne, reitsje mocht. Dat se it oandoarden om harren iepen te stellen. Dat se sels betrouwen hawwe en my betrouwen jouwe om tegearre stappen te setten. Dat ik in stikje ferbining mei harren meitsje mei.’

Sûnt Jantje by Frouk Jeske kaam en sy inoar better kennen learden, wurkje se ek meielkoar gear. Jantje: ‘Ik hie ferlet fan kontakt mei lotgenoaten, mei Frouk Jeske organisearje ik no sûnt koart “levenscafés”. Sa kinne wy ek wer oaren helpe.’




Mear ynformaasje: froukjeske.nl
Skriuwer: Tineke Witteveen
Foto: Vera Miedema

Avondje uit? Bruiloft? Of op vakantie? Neem een nanny mee!

Vijf jaar geleden is Antsje de Vries uit Dokkum haar oppasservice Nanny At Home begonnen. Bij haar bedrijf zijn zo’n 17 nannies aangesloten, die niet alleen tijdens avondjes uit oppassen, maar ook vertier voor kinderen verzorgen tijdens bijvoorbeeld bruiloften, beurzen en vakanties.

Hulp bij opvoeden

Waar kun je hulp vragen als het niet zo lekker loopt met je gezin? ‘Dat voelt als falen, en het is flink balen als je het niet alleen afkunt’, zegt Janine. Janine en Joris* kaarten het probleem aan bij het consultatiebureau, dat hen doorverwijst naar Home-Start, een programma van Humanitas. Albertje, de vrijwilliger van Home-Start, helpt hen op weg en voelt nu als een extra familielid, ‘een oma erbij’.

Fol fjoer foar feilichheid

Se wie altyd hiel ûnbefangen yn har wurk. As de piper gie, gie Marlies fol fjoer as ien fan de earsten op ’e brân ôf, sûnder al te bot nei te tinken oer wat se oantreffe koe. No’t se sels mem wurden is, sjocht se oars nei wenningbrannen. ‘Wat as der bern by belutsen binne?’

Fjouwer generaasjes: de mannen De Jong

‘Wy hâlde fan in praatsje en dogge op feestjes graach it ljocht út. Stel je foar dat in oar dat dwaan moat.’

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine