De resinsje fan Bettine: It simmerboek
Hoewol’t it moaie waar mar net echt troch liket te kommen, hawwe wy ús aldermachtichst fermakke mei it Simmerboek. It is in boek fol mei koarte ferhaaltsjes, ferskes, gedichtsjes en opdrachtsjes.
Elyn is no 4,5 jier âld en fynt de opdrachten hiel leuk en mei wat útlis binne se ek goed te dwaan. In protte opdrachtsjes herhelje har, wêrtroch’t se al flot sels it boek wer út de kast pakte. Wy moasten op ’t lêst ek wat om harren dwaande te hâlden mei dizze reinige “simmer” wiken.
“We oefenje no itselde as wat we by juf ek dogge, mem”, krigen wy as âlden al te hearren. Fan lyts nei grut, kleuren en wat heart der net by.
By ús giet it Simmerboek seker mei op reis yn de simmerfakânsje. Earst mei yn de tinte nei Bantegea en dêrnei foar it fermaak yn it fleantûch mei yn ‘e koffer nei Gran Canaria.
Ideaal, want in soad rûmte nimt it dochs net yn en efter yn it boek binne ek noch leuke autospultsjes en in autobingo te finen. Foar wa’t de iPad ek meinimt op fakânsje, dy kin altyd noch fierder boartsje mei de leuke apps dy’t oanjûn wurde mei in QR-koade yn it boek.
Bettine Boonstra (lid fan it Afûkboekpanel)
Simmerboek
Foar yn de simmerfakânsje, thús of ûnderweis! In boek fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes, spesjaal foar bern fan 2 o/m 6 jier.
Mar gau (foar)lêze, sjonge en dwaan!