Zoek op inhoud

Antykonsepsje: hoe dogge oare heiten en memmen dat? Oftst no al bern hast of noch twifelst oer útwreiding fan dyn húshâlding ‒ ier of let komt by in soad âlden de fraach op: hokker antykonsepsje past no it bêste by ús? De pil, in spiraaltsje, kondooms, wat natuerliks of de knip deryn? Der binne tsjintwurdich in protte mooglikheden. En krekt sa’t ús libbens feroarje, feroaret ek ús foarkar. Wat dogge jimme as jimme húshâlding kompleet is? Wy fregen it jimme op ús socials.

Spiraaltsje
Deborah (36): “Ik wie al sûnt myn 12e oan de pil, mar wie op in bepaald momint ek wol benijd wa’t ik wie sûnder al dy ekstra hormoanen. Nei de berte fan ús bern ha ik in koperspiraal pleatse litten, dat is foar no de bêste (of minst ferkearde) oplossing foar ús. Ik miende dat er der no, 5 jier letter, út moast, dus soe myn man him sterilisearje litte. Mar it blykt dat dat spiraaltsje der dochs noch wat jierren yn sitten bliuwe mei, dus wy litte it noch even sa.”
 
Sterilisatie
Lycke: “Bij mijn tweede keizersnede (mijn derde kindje – de eerste twee zijn een tweeling) heb ik me meteen laten steriliseren. Ik lag toch al open, dus dat was wel zo praktisch. Voor ons was het heel duidelijk: na de derde was ons gezin compleet. Ik vind het heerlijk dat ik nooit meer aan anticonceptie hoef te denken of bang hoef te zijn om toch zwanger te raken.”

De knip
Silke: “Ik ha altyd sein dat ik 4 bern woe. In grut gesin en in even oantal. Nei trije bern wêrfan’t ien best wol bewurklik wie, betochten we ús: it wie moai sa. Myn man seach der hiel bot tsjinoan om him helpe te litten. Ik hie wol genôch drokte hân, fûn ik. Myn man doarde de stap net te setten en sa rommelen we wat oan mei kondooms, want ik woe beslist net oan de hormoanen! Mar nei in gesellich âld en nij koe it blykber net folle lije. Ik rekke toch wer yn ferwachting. Us bern wienen 11, 9 en 5 jier. Yntusken is de knip setten en it is myn man 100% meifallen!”
Siebren: “Jierren lyn hawwe wy de kar makke dat ik it dwaan litte soe, om’t myn frou raar siik fan de pil waard.”

Selina: “Ik wie oan de prikpil mar dochs swanger wurden fan in fjirde wûnder. In kadootsje! No lit myn man him helpe en kriget er der in knip yn.”

Kondooms
Lysanne (42 jier, 3 bern)): “Doe’t wy graach in berntsje ha woene, bin ik opholden mei de pil. Dy brûkte ik al sa’n 15 jier en dat wie in swiere pil, mar dêr hie ik my noait sa bewust fan west. Nei de berte woe ik eins net werom nei de pil en ik seach ek net echt in oare goede opsje, om’t ik gjin antykonsepsje mei hormoanen mear woe en graach myn natuerlike syklus ek wol oanhâlde woe. Ik ha in hiel regelmjittige syklus, dus ik wit wannear’t ‘it’ wol en net kin. En dat giet goed. Mar om’t ik no wol dejinge bin dy’t altyd de kop derby hâlde moat ‒ en op it ‘moment suprême’ net altyd krekt wit wêr’t ik sit yn myn syklus en it opsykje moat ‒ ha wy no ek kondooms yn ’e hûs helle.”

Sensiplan
Klaske: “Nei trije bern wie ús gesin kompleet. Ik woe net wer oan de pil, al dy hormoanen. Doe ha wy keazen foar in natuerlike metoade, ‘Sensiplan’. Dêrfoar dogge je in kursus en dan kinne je presys mjitte wannear’t je fruchtbere dagen binne en je it dus better efkes litte kinne. Ik woe dat ik dy metoade as jongere frou ek al kennen hie. Je krije in protte ynsicht yn je syklus. Ek nuttich at je bygelyks wol graach swier reitsje wolle en it net fuortendaliks slagget.”

Anticonceptiestaafje
Francisca: “Ik ha in implanon. Dat is in buiske yn dyn earm, dêrmei bist 3 jier safe en wurdst ek net ûngesteld.”

Wisto dat…

  • De meast brûkte metoaden yn Nederlân binne de pil, it spiraaltsje en kondooms.
  • Hoewol’t it brûken fan de pil jierliks ôfnimt, bliuwt dat fierwei de populêrste antykonsepsjemetoade: ûngefear 42 persint fan de froulju yn de fruchtbere leeftiid brûkt de pil.
  • In fasektomy (sterilisaasje by manlju) is ien fan de feilichste en meast definitive foarmen fan antykonsepsje.
  • In spiraaltsje kin tusken de 5 en 10 jier sitten bliuwe, ôfhinklik fan it type.
  • Hormonale antykonsepsje kin ynfloed hawwe op hoe’tst dy fielst. Guon froulju fernimme net folle ferskil, oaren fiele harren flak of mismoedich.
  • Ast ophâldst mei antykonsepsje, bist faak fuort wer fruchtber. Dyn natuerlike syklus komt faak fuortendaliks wer op gong. By de prikpil is dat oars: it kin dan seis oant tolve moannen duorje oant je eigen natuerlike syklus wer werom is en je wer yn ferwachting reitsje kinne.

De NIPT-test: welke keus maak jij?

Wel of geen prenatale screening van je nog ongeboren kindje: al bij het allereerste telefoontje naar de verloskundige, wanneer je vertelt dat je zwanger bent, krijg je de vraag voorgelegd. En al vroeg in de zwangerschap zul je de keus moeten maken. Kies je voor de NIPT-test, of niet? Een aantal vrouwen vertellen ons waarom ze juist wel of niet de test lieten doen. Sóms blijft de twijfel bestaan.

Die allesbepalende eerste indruk (geboorte in kaart)

Wist je dat de manier waarop je geboren bent invloed heeft op de manier waarop jij in het leven staat? Als je weet hoe de zwangerschap en bevalling is geweest, begrijp je beter waarom iemand bepaalde dingen doet zoals hij of zij ze doet. Dat stelt geboortetraumaconsulent Jantina van der Valk (32) uit Deinum. ‘Dy earste yndruk is bepalend foar de rest fan dyn libben.’

Angst voor de bevalling, het mag er zijn

Bevalangst. Tien tot vijftien procent van de zwangere vrouwen heeft er last van. En toch is het geen item in de samenleving en ook niet altijd bij de verloskundige. Annemieke Stellingwerf, werkzaam bij Verloskundigenpraktijk Wolkom, wil daar verandering in brengen en begeleidt vrouwen die bang zijn om te bevallen.

De sineeske geslachtskalinder

De Sineeske geslachtskalinder lit dy sjen wat it geslacht is fan dyn ûnberne berntsje. Sjoch links nei dyn leeftyd op it momint fan befruchting en boppe nei de moanne fan befruchting. Bakerpraatsje of net… wol leuk om efkes nei te sjen.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #2

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
Folle mei hertferwaarmjende ferhalen foar alle heiten, memmen en opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier 👶👧🧒

Yn dit nûmer:

❄️ In moaie wintergelok-poster om út te knippen
🏡 Ynterviews mei bern út Gytsjerk – oprjocht, grappich en ferrassend
💞 Bonusâlders anno 2025, hoe giet dat?
❤️ Oer hoe’t Naomi in twadde thús fynt by in steungesin
🎨 Ynterview mei berneboeke-skriuwster Mirjam van Houten
🎣 Ynstjoerde foto’s fan fiskjende bern
🚂 Gesellige útstapkes yn Fryslân fan Kidsproof
👶 Oer hoe’t je mei in ‘moeder-geassisteerde keizersnede’ sels dyn poppe út de búk tille kinst
🫄🫄 Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting
💊 Antykonsepsje: hoe dogge oare heiten en memmen dat?
👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje.
🎨 Nifelje mei boekelizzers – kreative knutselwurkjes fan Cheryl
📚 De nijste en moaiste Fryske berneboeken!

En der is noch folle mear te ûntdekken! Lês ‘m gau!

Bekijk magazine