Zoek op inhoud

De kribels fan ekseem

Alle dagen jokte op dyn lichem. Moatst der net oan tinke. Dochs binne der in hiel soad poppen dy’t al jong lêst krije fan ekseem. ‘Fan de bern tusken de 0 en 1 jier krijt sa’n 14 prosint ekseemklachten’, fertelt genêskundestudinte Sietske Veenje. Mar gelokkich is der wat te dwaan tsjin dat kribelmeunster.

Wa’t Daley (6) boartsjen sjocht mei syn bruorke Yarno en suske Mirthe soe net sizze dat er noch gjin healjier lyn alle dagen lêst hie fan ekseem. ‘It siet oeral’, fertelt syn mem Hittje Zijlstra. ‘It begong doe’t Daley 2 jier wie. Earst krige er flekjes yn ’e nekke, letter ek op syn gesicht. It siet om syn mûle hinne, achter it ear en sels op syn eachlidden. En doe begong it op syn fuotten, hannen, yn syn hoksen en by syn earmtakken. It wie ferskriklik.’

Hinke van der Steege-Dijkstra werkent dat ferhaal. ‘Op presys dyselde plakken hie ús soan Reijer (4) it ek’, fertelt se. ‘Dat begong al doe’t er noch mar 3 moanne âld wie. As wy him út bêd hellen en syn romperke útdiene, dan moasten wy syn hantsjes fêsthâlde of dêr sokjes omhinne dwaan, omdat er oars syn hiele hûd iepenklaude. Ek yn bad gean wie in striid. Dat fûn er mar neat. Lit stean swimme yn it swimbad. Alle dagen jokte; dat winskest gjin inkeld bern ta.’

Negatyf imago

Der binne in protte lytse poppen dy’t al jong lêst krije fan ekseem. Reden foar genêskundestudinte Sietske Veenje om mei kollega-studinten Ioana Antonescu, Bernies Bos, Hilda Osinga en dokter Tjalling de Vries ûndersyk te dwaan nei ekseem by lytse poppen. ‘Wy ha ús benammen rjochte op de behanneling fan ekseem’, fertelt se. ‘It meast brûkte middel tsjin ekseem is nammentlik topicale corticosteroïden, better bekend as hormoansalve. En dêr binne in hiel soad heiten en memmen benaud foar. Om hormoansalve hinget in hiel negatyf imago.’

Ek Hittje woe yn it begjin neat witte fan hormoansalve. ‘Wy ha der alles oan dien om in oare behanneling te finen foar Daley syn ekseem’, fertelt se. ‘Alle soarten salve dy’t der binne ha wy brûkt. Wy hawwe by in homeopaat west, dy’t ús ferskillende diëten foarstelde. Ik ha sels sa’n power balance earmbân kocht. Mar neat holp. Krekt foar de simmer ferline jier hie Daley sokke rare iepen plakken, dat wy trochstjoerd binne nei it sikehûs. Dêr waard ús dochs hormoansalve foarskreaun. En yn in healjier tiid ha wy in hiel oar jonkje krigen. Ik seach him alle wiken opknappen.’

Op syk nei in oplossing

By Hinke thús die de syktocht nei in oar behannelingsmiddel foar Reijer syn ekseem wol fertuten. ‘Ek wy krigen fan de dermatolooch hormoansalve mei nei hûs. Ik ha sels ek lêst fan ekseem en smar leaver sa min mooglik hormoansalve. Fandêr dat wy op syk gongen binne nei de oarsaak fan Reijer syn jokte. Dêrfoar ha wy nei in natuergenêskundich terapeut west. Dy stelde foar om op te hâlden mei gluten en laktoaze. Ik fernaam yn in wike tiid dat de ekseemplakken better waarden. Yntusken ite en drinke wy folslein gluten- en laktoazefrij en wy fernimme dat dat goed helpt. Sa no en dan brûke wy noch wolris hormoansalve, mar sa min mooglik.’

De ferhalen fan beide memmen passe presys yn it byld dat ek nei foarren komt yn it ûndersyk fan de fjouwer genêskundestudinten. Sietske: ‘Wy fernimme dat heiten en memmen hiel benaud binne foar hormoansalve. Wy hearre benammen dat minsken yn harren omjouwing fertelle dat it gefaarlik is. Mar wêr’t dat troch komt, ha wy net ûntdekke kind. Faak reageart de omjouwing hiel negatyf, wylst der gjin bewiis is dat de salve fan tsjintwurdich skealik is. Sterker noch: wy riede absolút oan om dy salve te brûken en dêrby net te tin te smarren.’

Goed smarre

De hûd bestiet út meardere lagen, leit Sietske út. ‘Ekseem sjochst op de boppeste hûdlagen, mar de ûntstekking sit ek folle djipper. Dêrom is it wichtich om foaral net te tin te smarren en boppedat stadich ôf te bouwen. Fuortendaliks ophâlde mei smarren as de plakjes fuort binne, wurket averjochts. De ûntstekking yn de ûnderste laach is dan noch net fuort, dus is de kâns grut dat ekseem fluch wer klachten jout.’

Dochs wurdt der ek troch assistintes fan húsdokters en apotekers advisearre om tin te smarren. ‘Wylst dat hielendal tsjin it advys fan de eksperts yngiet’, seit Sietske mei klam. ‘De hjoeddeiske behanneling is oars as eartiids. De hûd wurdt miskien tinner, mar dat wurdt it yn elk gefal ek troch ekseem. Dus dan is de kar net sa dreech, liket my.’

Ofskied fan it kribelmeunster

Hinke hâldt de salve it leafst safolle mooglik yn ’e kast. ‘Ik sjoch by mysels dat myn hûd tinner en witer is op de plakken dêr’t ik sels salve smard ha. Dat wol ik foar sjen te kommen by Reijer. Wy hoopje dat hy der sa gau mooglik oerhinne groeit.’ Ek Hittje brûkt de hormoansalve allinnich noch as it nedich is. ‘It hat ús rêding west, mar myn winsk is dat Daley it aanst net mear nedich hat. Dat wy definityf ôfskied nimme kinne fan it kribelmeunster.’

 

Mear witte oer ekseem?

Sjoch ris op:

·       https://www.huidhuis.nl/huidaandoening/constitutioneel-eczeem
·       https://www.thuisarts.nl/eczeem/mijn-kind-heeft-constitutioneel-eczeem

 

Wolst mear witte oer dit ûndersyk? De artikels dêroer wurde ynkoarten publisearre:

·       Veenje S, Osinga H, Antonescu I, Bos B, de Vries TW. Focus group parental opinions regarding treatment with topical corticosteroids on children with atopic dermatitis. AllergolImmunopathol (Madr). 2018 Oct 10.

·       Bos B, Antonescu I, Osinga H, Veenje S, de Jong K, de Vries TW. Corticosteroid phobia (corticophobia) in parents of young children with atopic dermatitis and their health care providers. Pediatr Dermatol. 2018 Oct 18.

 

Troch: Nynke van der Zee
Ut: de Lytse heit&mem nr. 6 

Thijs hat al fan jongs ôf oan lêst fan ekseem

Thijs Hoekstra (7)
♥skoalle: groep 4 fan De Tarissing yn Droegeham
♥dream: krekt sa let as heit opbliuwe
♥lêst lêzen: puzzelboekje út ’e supermerk
♥boek: Donald Duck
  ♥film: Vogelvlucht  

Hormoanen de baas?!

Dat hormoanen it humeur oantaaste, wisten wy al. Mar watfoar ynfloeden hawwe dy stofkes noch mear op jonge memmen? ‘Alderhande!’ stelt hormoancoach Ingrid Wassenaar. ‘Sterker noch, hormoanen út balâns, alles út balâns.’

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2019 #6
Bekijk magazine