Hormoanen de baas?!
Dat hormoanen it humeur oantaaste, wisten wy al. Mar watfoar ynfloeden hawwe dy stofkes noch mear op jonge memmen? ‘Alderhande!’ stelt hormoancoach Ingrid Wassenaar. ‘Sterker noch, hormoanen út balâns, alles út balâns.’
Hormoanbalâns. It liket de nijste trend op it gebiet fan sûnens te wêzen. Elk hat it deroer. Mar wat is it? En moatte wy der echt wat mei? As ik nei mysels sjoch, sit ik as jonge mem net echt te wachtsjen op noch mear om rekken mei te hâlden. It libben mei lytse bern is al hektysk genôch… In bytsje wantrouwich mar ek benijd stap ik dus it kantoar fan Ingrid Wassenaar yn Ljouwert binnen. Behalve hormoancoach is se ek ortomolekulêr foedingsterapeut. Wat is dat mei dy hormoanen, is myn earste fraach. Wêrom hat elk it dêroer?
Dat is net frjemd, antwurdet Ingrid. ‘Hormoanen binne fan ynfloed op dyn hiele gestel. Se binne fan libbensbelang. Sûnder hormoanen soe dyn liif fêstrinne. Hormonale disbalâns kin soargje foar alderhande ferfelende kwaaltsjes: stimmingswikselingen, wurgens, in útblust gefoel, ekseem, in leech libido, ynfeksjes, hierútfal, menstruaasjeproblemen, aknee en gean sa mar troch. Sokke kwaaltsjes losse dokters miskien op mei medisinen, mar hiel faak kin it ek mei in sûne libbensstyl. Ast dyn hormoanen wer foar dy wurkje litst, ûntstiet de magy. Dan fielst dy net allinne sûn, fitaal en sterk, do strielest ek mear, dyn hûd krijt in moaie glow, sliepst lekker en dyn brein stiet op skerp.’
PMS kinst foarkomme troch dyn lever in boost te jaan
Ingrid har entûsjasme wurket oansteklik. Dit klinkt fantastysk, wat moat ik dwaan? ‘Dat is eins hiel simpel: dyn itenspatroan en libbensstyl oanpasse. Hoe’t dat presys moat, kin ik dy leare.’ Dêrfoar hat de terapeute it online programma ‘Je hormonen de baas’ opset. In programma fan tsien wiken besteande út webinars, hormoanproof resepten en ynformaasje en fideo’s oer hormoanen, libbensstyl, foeding en mindset. Yn maart lansearre se it programma, der diene 65 froulju mei.
Swangerskipshormoanen
Ingrid, sels mem fan Yfke (6) en Jeske (4), wurket in protte mei jonge memmen dy’t klachten hawwe lykas postnatale depresje, (mommy) burn-out, eangsten, PMS en stimmingswikselingen. Ingrid: ‘Soks ûntstiet gauris by in swangerskip, om’t der dan op hormonaal gebiet fan alles bart.’ Dy hormonale feroaring is hiel belangryk, dat makket de swangerskip mooglik: de ûntwikkeling fan de foetus, de befalling, de weeën en de boarstfieding… Mar nei de befalling kin dat hormoanesirkus ek foar problemen soargje. ‘Dat jildt bygelyks foar it hormoan progesteron. Dêrfan makkest yn dyn swangerskip in soad oan. Nei de befalling nimt dat hurd ôf en dêrtroch kin in postnatale depresje of, yn in letter stadium, PMS ûntstean. Om dyn progesteron op te krikken, kinst magnesiumryk iten nimme lykas griene blêdgriente, nuten en siedden. Dêrneist is it belangryk om foldwaande fitaminen en mineralen binnen te krijen. PMS kinst foarkomme troch dyn lever in boost te jaan: puer en farsk ite, foaral in protte griene griente.’ As in befalling ynlieden wurdt, is de kâns op depresje en eangsten noch grutter, stelt Ingrid. ‘Yn weeë-opwekkers sit it hormoan oksytosine (oxytocine), dat remmet de eigen oanmaak. Dus is it saak om de eigen oanmaak fan oksytosine te stimulearjen, bygelyks troch in soad hûd-op-hûd te knuffeljen, oksytosine wurdt ek wol it knuffelhormoan neamd. Ek meditaasjes en massaazjes helpe.’
Hektysk libben
In oare reden wêrom’t it faak ferkeard giet by jonge memmen? ‘Dat is dat hektyske libben dêr’tsto it krekt oer hiest’, lit Ingrid my tûk witte. ‘It is belangryk dat it hormoan kortisol, it stresshormoan, net te heech is. Dat betsjut goed sliepe, leuke dingen dwaan, net tefolle nei skermen loere en genôch ûntspanne.’ Dêr giet it mis. Dat witte wy allegear. ‘En dus gean ik dêr mei myn programma ek op yn.’
Nei dyn 35e krijst mear skommelingen en binne der soms oanpassingen nedich om yn balâns te bliuwen.
Hoewol’t der yn totaal wol hûnderten soarten hormoanen binne, hâldt Ingrid har benammen dwaande mei de hormoanen dy’t it meast út balâns binne by froulju. ‘En,’ seit se derby, ‘net allinne as jonge mem is dyn hormoanbalâns belangryk, dat jildt foar alle leeftiden. Bygelyks ek foar en nei de menopauze. Nei dyn 35e krijst mear skommelingen en dus binne der soms oanpassingen nedich om yn balâns te bliuwen. Mar ek by bern is it goed om se no al in sûne libbensstyl oan te learen, sadat de hormoanen skielk foar har wurkje yn stee fan tsjin har.’
Dy jûns kuierje ik mei in freondinne dy’t húsdokter is. Ik kin it net litte om it te freegjen: sit dêr wat yn, dat hormoaneferhaal? Ja, seit se. It is yndied in trend, hieltyd mear pasjinten freegje dernei. Mar dat is net ferkeard. Goed wurkjende hormoanen kinst net sûnder. Sûn iten, bewegen en sliepen spylje dêrby in rol. As dat it boadskip fan in hormoancoach is, is dat goed. Se advisearret wol om de húsdokter op ’e hichte te bringen ast sa’n trajekt yn giest. Ingrid: ‘Fansels binne net alle kwalen op te lossen mei in oare libbensstyl. As der echt medyske of psychologyske oarsaken binne, stjoer ik se troch nei de dokter. Troch myn ferpleechkundige achtergrûn herken ik ‘reade flaggen’ meastentiids samar.’
Hormonaal sûn, hoe dan?
De basisregels, neffens Ingrid:
– Beweech alle dagen
– Fariearje mei iten, yt farsk en net-bewurke iten
– Yt alle dagen 500 gram griente
– Yt goede fetten
– Soargje foar ûntspanning en sosjale kontakten
– Hâld dyn bloedsûkerspegel stabyl
– Sliep goed
Troch: Marrit de Schiffart
Foto’s: Erik Jan Koopmans
Website Ingrid: ingridwassenaar.nl
Gezond eten tijdens de kraamweken
At je krekt in poppe krigen hawwe, dan ha je it drok. Drok mei de soarch foar de lytse en it finen fan in ritme, mar dêrneist sliepe je faak net safolle troch de brutsen nachten en dat makket dat je wjerstân yn dy tiid in stik leger is. Dêrby komt dat dyn lichem ek opknappe moat fan in flinke oanslach: in swangerskip en befalling!
Angst voor de bevalling, het mag er zijn
Bevalangst. Tien tot vijftien procent van de zwangere vrouwen heeft er last van. En toch is het geen item in de samenleving en ook niet altijd bij de verloskundige. Annemieke Stellingwerf, werkzaam bij Verloskundigenpraktijk Wolkom, wil daar verandering in brengen en begeleidt vrouwen die bang zijn om te bevallen.
Mem, wat ite wy hjoed?
Mem, wat ite wy hjoed? freget Rolf.
Geheimke! laket mem. En mem sjongt:
Riere, riere yn ‘e panne
fan je kni-kna-knibbellear
ite, ite, ite, en …
bist sa sterk as in … bear
Mar Rolf wol gjin bear wêze. Wolst sjen hoe’t Rolf toch in bear wurdt? En ek in aap? En noch folle mear oare bisten? Doch dan mar gau dit boekje iepen en rier en sjong mei de mem fan Rolf mei.
Leeftiid: 3-6 jier