Zoek op inhoud

Op syk nei in moai printeboek? Sykje net langer!
Kenne jim ‘De Gruffalo‘ noch? En it boek ‘Wy geane op bearejacht!’?

No hat de skriuwer fan ‘De Gruffalo’ Julia Donaldson tegearre mei yllustrator Helen Oxenbury (fan Wy geane op bearejacht’) in prachtich boek makke. 

It boek is geskikt foar bern fan 2 jier âld. En foar € 14,95 hjir te bestellen. Sjoch hjirûnder foar it trochblêderfilmke.

 

As knyn op in dei nei hûs sil, heart er ynienen in lûde stim. Dy stim komt út syn hol wei:

‘Ik bin de GRIZEL, GRUT EN GRIEN en ik bin akelich gemien!’

Wa soe der yn Knyn syn hol sitte?

 

De Grutte Griene Grizel: resinsje fan Annemarieke

By it opheljen fan de post út de brievebus komt it boek “De Grutte Griene Grizel” tefoarskyn, dêr’t Femke (1,5 jier) op reagearret mei: ‘Oaljefant’. Hielendal bliid gean wy direkt mei-inoar yn de stoel sitten om it boek te lêzen. Femke is benammen rjochte op it beneamen fan de bisten yn it boek.

De Grutte Griene Grizel: resinsje fan Simone

In boek betocht troch de skriuwer fan De Gruffalo en yllustrearre troch de tekener fan it boek Wy geane op bearejacht, dat kin hast net oars as in hiel moai boek wêze. Dy beide boeken hawwe wy yn ’e hûs en wurde faak út de kast helle om foar te lêzen. It boek fan De Grutte Griene Grizel sjocht der moai út. De titel fan it boek makket ús fuortendaliks nijsgjirrich. Wa of wat soe dy grutte griene grizel wêze? It boek is grut fan formaat. De platen komme dêrmei goed út. De tekst bestiet út koarte stikjes en lêst dêrtroch flot foar. 

Lêstip fan Keimpe: De Grutte Griene Grizel

Boekresinsje ‘De geheime doar’ troch Hilda

Auteur Lida Dykstra stiet eins wol garant foar in kwalitatyf goed boek dat dy as lêzer meinimt yn it aventoer. En dat jildt seker ek by har nije boek ‘De geheime doar’. Dêryn steane ferskate koarte ferhalen dy’t hieltyd wer pakkend binne. Dêrtroch kinst it moai flot trochlêze. En meast by ien ferhaal net ophâlde.