Zoek op inhoud

Bertefotografy is yn de rest fan Nederlân al jierren populêr, mar ek yn Fryslân kieze hieltyd mear âlders derfoar om dit bysûndere momint fêstlizze te litten. Net allinnich om letter werom te sjen op dy earste mominten, mar ek om it ferhaal fan de berte in plak te jaan.

Want in berte is mear as allinnich it momint dat in bern op ’e wrâld komt. It is in yntinse ûnderfining, fol mei leafde, spanning, krêft, emoasje en soms ek eangst en fertriet. De bylden kinne helpe om de befalling op ’e nij te belibjen en te ferwurkjen. Foar guon âlders kin dat sels helend wêze.

Mar hoe is it om as fotograaf sa ticht by in berte te wêzen? Wat sjocht in bertefotograaf troch har kamera dat oaren miskien net sjogge? En wat docht it mei in fotograaf sels ast hieltyd wer tsjûge bist fan ien fan de meast bysûndere mominten yn in minske syn libben?

Mariël Peters (37) út Dokkum fûn har earste befalling sa’n yndrukwekkende ûnderfining, dat se it graach nochris belibje woe troch de foto’s op har telefoan wer te besjen. Omdat se sa yn harsels keard wie, hie se foar har gefoel in protte fan wat der om har hinne barde mist. Mar de foto’s op har telefoan wiene it krekt net. Dat brocht har op it idee om sels bertefotograaf te wurden.

‘Ik seach dat der noch net in protte bertefotografen yn it noarden wiene. Dat doe ha ik in oantal kursussen folge foar bertefotograaf. Ik ha in kreative eftergrûn, ik ha de keunstakademy dien en ik wie altyd al in protte mei fotografy dwaande. Doe’t ik krekt bertefotograaf wie, hie ik fuort al in hiel soad oanfragen.’

Thúsbefallingen fynt Mariël it moaiste om fêst te lizzen. ‘Je komme op bysûndere plakken en do sjochst de minsken yn harren thússituaasje. It is prachtich om de ferbining tusken man en frou (of frou en frou) te sjen tidens sa’n proses. It bliuwt alle kearen bysûnder en spannend.

En it giet fansels ek wolris net hielendal goed. Ik ha ien kear meimakke dat in jonkje beädemd wurde moast en nei it sikehûs fan Grins moast. De heit moast by de poppe bliuwe en de mem bleau allinne efter en hie gjin idee hoe’t it mei har jonkje gie. Soks is hertferskuorrend.

It is dan maklik om dysels ek te ferliezen yn sa’n eangstige situaasje, mar de ferloskundige sei: ‘Bliuw foto’s meitsjen!’ De foto’s ha úteinlik goed holpen by de ferwurking fan de befalling troch de âlders. Gelokkich giet it no hiel goed mei harren soan.’

Ast Mariël ynhiere wolst as fotograaf, komt se earst gesellich by jim del om yn ’e kunde te kommen. In pear wiken foar de befalling makket se in groepsapp oan, sadat jimme yn kontakt bliuwe.

‘Guon froulju befalle sa hurd, dat ik wolris te let bin, mar yn ’e regel bin ik moai op tiid. Ik bin dan ûnderdiel fan it team. Ik meitsje wolris in bad leech of romje wat spuug op. Ek de heit fynt it faak wol fijn dat der noch ien is om mei te praten. Ik ha ek wolris meimakke dat de partner patat bestelde tidens de befalling. Nei de befalling sieten wy allegear oan de patat en krych de frou, dy’t krekt befallen wie, in frikandel spesjaal. Hilariske mominten binne dat, en it leveret grappige foto’s op.’

Mariël makket faak in lyts foto-album fan de bertefoto’s. ‘Minsken reagearje hiel ferskillend. Faak binne se yn triennen. De ien makket der ôfdrukken fan en de oar set se op Instagram. Dat is hiel persoanlik. Mar it bliuwt prachtich om de foto’s werom te sjen. Dy earste moeting tusken de âlders en it bern, dy earste blik… dy is wûnderlik. Sa helder en puer.’

‘It is in prachtich berop, mar ek hiel yntinsyf. Foaral ast krekt begjinst, nimt it in soad enerzjy, troch al dy yndrukken. Ast ergens hinne giest, moast faak de kamera mei ha of mei twa auto’s gean. De telefoan moast altyd paraat ha en ik moat altyd fuort kinne. Dat nimt wol fan je. Ik bin no sels yn ferwachting fan in tredde berntsje. Troch alles wat ik sjoen ha, is de ûnbefongenheid der wol ôf. Mar it is fijn dat ik dit dwaan kin foar de heiten en memmen.

Ien fan myn moaiste foto’s is tink ik fan in frou mei tatoeaazjes en har man, dy’t efter har sit. Oan har gesicht sjochst dat se it dreech hat, mar har man is der foar har. Dat is prachtich om te sjen. Perspektyf en komposysje fyn ik altyd belangryk by in foto. Mar úteinlik giet it my net allinnich om in moaie foto. Ik wol in momint fêstlizze dat minsken letter werombringe kin nei hoe’t it wie. Nei de spanning, de leafde, de krêft en dy earste moeting. Nei de mominten dy’t se mist hawwe. Nei de mominten dy’t samar foarby gean, mar dy’t yn de foto’s foar altyd bewarre bliuwe.’

Tekst: Dieuwke van der Meer – Posthumus
Foto’s: Mariël Peters

joke

Hoefolle kin in mem drage?

“Tweintich kear deis spuie. Hast neat mear kinne. In twaling dy’t him al mei 31 wiken oankundige. In needkeizersneed. Twa popkes dy’t njoggen wiken lang yn it sikehûs fjochtsje moasten foar in begjin. En dêrnei ek noch in ferhuzing en in skieding. Hoefolle kin in mem drage foar’t se sels brekt?”

8 tips foar in poppeslokparty! (kraamfeest)

Nije âlders kinne faak net wachtsje om harren lytse wûnder oan de wrâld sjen te litten. Guon stelle harren hús de earste moannen iepen foar kreambesite, mar der binne ek âlders dy fiele mear foar ien grut kreamfeest; in poppeslokparty! Hoe’st dat no organisearje moatst? Wy jouwe dy tsien tips!

20 simpele verschillende soorten gezond ontbijt voor kinderen

Eet jij en/of je kinderen ’s morgens geen ontbijt? Of kom je niet verder dan een boterham met hagelslag? Iedereen weet zo langzamerhand wel dat een ontbijt je motor doet branden. Het geeft je energie. Het start je stofwisseling, je hersenen gaan beter werken en je bloedsuikerspiegel blijft gedurende de hele dag stabieler. En niet te vergeten, ontbijten is met onderstaande tips leuk, lekker, gezond en simpel!

Hypnobirthing is net sweverich

Rinske en Ytzen van der Meij fan Aldebiltsyl woene graach in broerke of suske foar harren soan Reinder. Mar Rinske har earste befalling hie sa dreech west dat se bang wurden wie om dat wer mei te meitsjen. Troch de kursus HypnoBirthing krige se it fertrouwen werom.