Hoefolle kin in mem drage?
“Tweintich kear deis spuie. Hast neat mear kinne. In twaling dy’t him al mei 31 wiken oankundige. In needkeizersneed. Twa popkes dy’t njoggen wiken lang yn it sikehûs fjochtsje moasten foar in begjin. En dêrnei ek noch in ferhuzing en in skieding. Hoefolle kin in mem drage foar’t se sels brekt?”
It oerkaam Joke út Friens. Sa bliid as dat se wie mei de swangerskip fan de twilling, sa siik wie se der ek fan.
Joke: “It wie sa’n drege swangerskip. Ik spuide soms wol tweintich kear deis. Ik bin wol seis kear opnaam west omdat ik útdrûge wie. Ik koe hast neat mear. En de befalling wie ek al gjin ‘kers op ’e taart’. Ik wie noch mar 31 wiken yn ferwachting doe’t de befalling al begûn. Ik hie weeën en bloedferlies. As je ûnder de 32 wiken befalle, moatte je nei in akademysk sikehûs. Grins siet fol, dus ik moast mei de ambulânse nei Swolle. Dêr ha ik prikken krigen sadat de lonkjes fan de twaling noch wat earder rypje koenen. Uteinlik ha se noch trije dagen yn myn búk sitten, mar doe wie der gjin hâlden mear oan.”
Joke woe it leafst op natuerlike wize befalle, mar spitigernôch barde der nei acht sintimeter ûntsluting neat mear en krige se in spoedkeizersneed. Dêr wienen har leave jonkjes Fimme en Siem. Omdat se fierstente betiid berne wienen, moasten se noch in skoft op de ‘intensive care’ lizze. Nei fiif dagen mochten se oerpleatst wurde nei Ljouwert.
Joke, dy’t sels ek noch oan it opknappen wie fan de befalling en de operaasje, woe it leafst alle dagen nei har jonkjes ta. Byneed gie se sels op ’e fyts. Nei acht wiken mochten Fimme en Siem einlik nei hûs.
Myn hiele takomst lei oer de kop.

Joke: “De jonges hienen noch mar in moanne thús wenne doe’t ik troch privé-omstannichheden mei harren earne oars wenjen gong. It wie net altyd maklik. Ik hie in protte soargen oer hoe’t alles komme moast. Mei de jonges, myn relaasje, de ferhuzing… myn hiele takomst lei oer de kop. Gelokkich ha myn famylje, myn freonen en myn jonges my der trochhinne sleept.”
Joke hat yntusken wer in nije leafde fûn.
Joke: “It wie in drege tiid, mar ik ha der twa hiele fleurige mantsjes foar werom krigen. En no ha ik ek noch in leave freon, dy’t sels ek in jonkje hat. Mei-inoar foarmje wy no in waarm, gearstalde húshâlding en wy binne hiel gelokkich. As ik weromsjoch, tink ik soms: ik bin echt sterker as ik tocht.”
Tekst: Dieuwke van der Meer
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Wolsto ek ris dyn ferhaal diele mei heitenmem.frl? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl
Christianne docht it dapper allinnich
Neidat har eks foar de nije leafde nei Seelân ferhuze, bringt Christianne (39) harren twa dochters allinnich grut. ‘It is wolris fermoeiend, mar ik fyn it net slim om it allinnich te dwaan.’
‘It binne ek trije yndividuën’
Namme: Ymkje Hoekstra (35) út Terwispel. Ymkje is ûndernimmer en coach by MultiplYMe
Húshâlding bestiet út: Ymkje en har partner Bert Jan en de trijeling Diede, Max en Kars (3)
‘Us bern binne in segen’
Namme: Lianne en Gerbrand Bokma (beide 33) fan It Heidenskip. Gerbrand is boer en Lianne is bûtermakster en wurket yn ’e eigen winkel
Húshâlding bestiet út: Lianne en Gerbrand en de trijeling Hanna en Luke en Fenne (16 moanne)
Jaloersk op de baby
Mem is swanger en krijt in dikke búk, pjutten fine dat faak megaynteressant. Mar as de lytse poppe der ienris is, kin dat feroarje. No moat de oandacht fan heit en mem ommers dield wurde mei dat lytse broerke of suske. En dat kin bêst lestich wêze. What to do as dyn bern jaloersk is?