Zoek op inhoud

‘Hoi’, sis ik tsjin him. ‘Ik bin Berber. Wa bisto?’

‘Ik bin Lik’

In jonge fan tsien jier komt de logopedypraktyk yn dêr’t ik doe wurke (yn it suden fan Nederlân). Syn mem, in Friezin om utens, hie de ôfspraak makke. Har soan kin de ‘R’ net sizze.

‘Hoi’, sis ik tsjin him. ‘Ik bin Berber. Wa bisto?’

‘Ik bin Lik’, seit er. Mei begrutsjen sjoch ik him oan. Al tsien jier en noch nea hat er syn namme goed sizze kinnen. Ik gean daliks mei him oan ’e gong.

Der binne yn Nederlân ferskillende soarten ‘R’. Yn it suden is de hûch-‘R’ gebrûklik. Yn it noarden de tongepunt-‘R’. En dan is der noch de, ûnder logopedisten sa neamde, ‘Kinderen voor Kinderen’-‘R’, dy’t klinkt as in hjitte jirpel yn ’e kiel. Dy ‘R’ wurdt net sjoen as in echte ‘R’. Bern begjinne faak de ‘R’ te brûken dy’t se om har hinne hearre. Meastentiids is de hûch-‘R’ wat makliker oan te learen as de tongepunt-‘R’. Ik lit it bern faak beide besykje.

As Rik syn mem der oan ’e ein fan de behannelingssesje yn komt, seit Rik grutsk: ‘Hoi mem, ik bin Rik!’ Mar mem sjocht my lilk oan. ‘Wêrom hasto him sa’n rare “R” leard. Wy meitsje de “R” altyd mei de tonge.’ Ik lis har it ien en oar út en jou oefeningen mei om beide wizen te oefenjen. As Rik de oare wyks wer by my komt, hat mem wakker mei him oan it oefenjen west. Grutsk lit hy my de tongepunt-‘R’ hearre: ‘Ik bin Rik.’

Skriuwer: Berber Spliethoff

  • Fan fjouwer jier ôf moat in bern alle klanken ûnderskiede kinne. Se kinne al in soad klanken útsprekke. Dat wol net sizze dat se alles al goed útsprekke kinne: bygelyks meardere bylûden achterelkoar, of in oare inkelde klank sa as de ‘R’ noch net.
  • ‘R’ komt faak as ien fan de lêste klanken yn de taalûntjouwing. It hinget fan de taal- en spraakûntwikkeling yn syn gehiel ôf oft it fan belang is de ‘R’ te behanneljen.
  • ‘R’ wurdt faak yn groep 2 behannele (mei 5 jier ûngefear). Meastentiids omdat it wichtich is om alle klanken goed út te sprekken by it skriuwen learen yn groep 3.
  • ‘R’ wurdt faak wol behannele as it bern der sels lêst fan hat. 

Bertefotografy: emoasjes yn byld

Bertefotografy is yn de rest fan Nederlân al jierren populêr, mar ek yn Fryslân kieze hieltyd mear âlders derfoar om dit bysûndere momint fêstlizze te litten. Net allinnich om letter werom te sjen op dy earste mominten, mar ek om it ferhaal fan de berte in plak te jaan.

sa prate wy thús

Sa prate wy thús: Thorsten en Amarinske

Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.

Sa lêze wy: Eke en Doete

Yn ús gesin is it momint foar it sliepen gean mear as allinnich de dei ôfslute. It is in fêst ritueel wurden dêr’t wy allegear nei útsjogge: tegearre in boekje lêze. As de jûn falt en de rêst yn ’e hûs weromkomt, krûpt mem mei dochter Doete (4) ûnder de tekkens mei in Frysk boekje yn ’e hân.

Panorama

We binne yn Athene. De stêd dêr’t Floris sûnt in jier wennet.
Trije jier werom wiene we om deselde reden yn Georgië.
De reis is minder spannend as doe. Der is in stevige basis. It is dúdlik wat de ferwachtingen binne en dat is fijn.
Teminsten foar ús. Der is altyd in stim yn myn holle dy’t rekken hâldt mei Teije. Wat betsjut dizze reis foar him? En is it foar him like dúdlik as foar ús?

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2021 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine