Zoek op inhoud


‘Halloooo sinne! En no begroetsje wy de ierde, bûgje mar foaroer en lis dyn hannen op ’e grûn. Hallo ierde! En kom mar wer omheech. Hawwe jimme sin om mei in fleanmasine fier fuort te gean? Wêr geane wy nei ta? It oerwâld!? Dêr steane in soad beammen, gean mar ris op ien foet stean, dan bisto no sels in beam.’ It binne de ferhaaltsjes fan Tryntsje dy’t bern yn yogahâldingen bringe. Boartsjenderwize meitsje se sa kontakt mei it lichem. Oan ’e ein fan ’e les geane se yn ‘Savasana’, mar dat dogge se fansels lizzend op it strân, mei de sinne op ’e holle! 


Tryntsje Rekker út Dokkum is berneyogadosint en sy makket fan elk oerke in leuk fantasyferhaal. “Yogamatties” hat se har praktyk neamd: freontsjes op ’e matte! Sels hat se in soad hân oan yoga doe’t it libben har wat oer de hege skuon rûn. Dat wie it momint dat se tocht: wat soe it moai wêze asto dit al op jonge leeftiid leare soest. Sa begûn se mei de oplieding Kinderyoga oan de Kinderyoga Academie yn Almere. Har famke Jildou (no 6 jier) wie moai stúdzjemateriaal, tegearre stiene se op ’e matte. 

‘Bern fine it machtich om mei te dwaan. En it moaie is dat se de lessen ek meinimme fan de matte ôf, sa as nei skoalle. Hat ien in sprekbeurt en hat er wat lêst fan senuwen? Dan is in simpele azemoefening genôch om wer rêstich te wurden. Ik lear de bern om út dy gedachtefabryk te kommen en yn it lichem. By jonge bern wurde ferhaaltsjes en ferskes brûkt of wurdt wat knutsele dat mei de les te krijen hat. By âldere bern wurde al mear searjes fan ferskate yogahâldingen dien, mar ek bypassende spultsjes.’ 

Mindfulness-kikkert
Al gau nei de oplieding ta yogadosint folge Tryntsje de oplieding ta mindfulnesstrainer foar bern. Mindfulness betsjut eins net mear as ‘yn it momint wêze’. Gewoan hjir en no de oandacht jaan oan wat der spilet en witte dat dat okee is. Troch dat regelmjittich te oefenjen, krije bern mear selsfertrouwen. Tryntsje jout net allinnich yogalessen en mindfulnesstrainingen yn har eigen praktyk, mar ek op skoallen. 

‘Lis dyn earmen mar op ’e tafel en lis dyn holle dêr mar boppe-op. Do hoechst nearne op te reagearjen, krekt as kikkert Kees. Dy kin ek hiel goed stilsitte. Hy reageart net op wat der om him hinne gebeurt, allinnich as der gefaar is, of as der in lekker hapke is om op te iten.’ Bern leare om te gean mei harren gedachten en emoasjes, se leare wêr’t se dy yn it lichem fiele en, hiel belangryk: hoe’t se mei de azem wer ta rêst komme kinne. 


‘Do kinst fan dyn shit fruchtbere dong meitsje’


Tryntsje: ‘Sjoch, elkenien hat ups en downs, dat heart derby. Yoga en mindfulness is net bedoeld om dat fuort te poetsen, mar om it te fielen en goed foar dysels te soargjen. Do learst dysels, dyn lichem, dyn gedachten en emoasjes kennen en do learst dêrmei om te gean. Mei it jaan fan yogalessen en mindfulnesstrainingen oan bern kin ik dat wat ik leard haw út myn persoanlike ûnderfiningen trochjaan. Op dy wize ha ik no fan myn shit dong makke!’ laket se. 

Tryntsje jout yogalessen en mindfulnesstrainingen oan bern en jongeren fan fjouwer oant en mei sechtjin jier. Op skoallen fariearret de ynset fan ien les oant in komplete mindfulnesstraining. Sa hat se lêsten in workshop oer gelok jûn op in middelbere skoalle. Wat jout no gelok? It earste antwurd dat Tryntsje op dy fraach kriget, bliuwt dochs faak: ‘In spulkompjûter’, mar as se dan trochfreget, giet it al gau oer wêzentlike dingen bûten de besittingen om. 

Ridskip
‘Belangryk is dat bern leare dat se net allinnich in rûndravende holle binne, mar dat it liif sinjalen jout oer hoe’t it mei se giet en wat se nedich hawwe.’ It is net sa dat se nei in pear lessen daliks hielendal ‘zen’ binne, mar Tryntsje heart wol fan âlders dat bern oars omgeane mei situaasjes. ‘Ik fertrou derop dat bern altyd wat meikrije dêr’t se op weromfalle kinne as it eefkes wat tefolle wurdt. Ik jou se ridskip foar gelok mei dat se fuort tapasse kinne en dat in libben lang meigiet.’

Skriuwer: Marieke Vinckers

Bertefotografy: emoasjes yn byld

Bertefotografy is yn de rest fan Nederlân al jierren populêr, mar ek yn Fryslân kieze hieltyd mear âlders derfoar om dit bysûndere momint fêstlizze te litten. Net allinnich om letter werom te sjen op dy earste mominten, mar ek om it ferhaal fan de berte in plak te jaan.

sa prate wy thús

Sa prate wy thús: Thorsten en Amarinske

Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.

Sa lêze wy: Eke en Doete

Yn ús gesin is it momint foar it sliepen gean mear as allinnich de dei ôfslute. It is in fêst ritueel wurden dêr’t wy allegear nei útsjogge: tegearre in boekje lêze. As de jûn falt en de rêst yn ’e hûs weromkomt, krûpt mem mei dochter Doete (4) ûnder de tekkens mei in Frysk boekje yn ’e hân.

Panorama

We binne yn Athene. De stêd dêr’t Floris sûnt in jier wennet.
Trije jier werom wiene we om deselde reden yn Georgië.
De reis is minder spannend as doe. Der is in stevige basis. It is dúdlik wat de ferwachtingen binne en dat is fijn.
Teminsten foar ús. Der is altyd in stim yn myn holle dy’t rekken hâldt mei Teije. Wat betsjut dizze reis foar him? En is it foar him like dúdlik as foar ús?

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2021 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine