Zoek op inhoud

Sa prate wy thús: Michel en Nienke 


Nienke de Boer (42) en Michel van Doorn (49) wenje mei harren dochter Kaatje (5) no al in pear jier yn Tersoal. De húshâlding ferhuze fan Gouda nei Fryslân, om yn It Hearrenfean en nei ferrin fan tiid ek yn Snits in nij filiaal te iepenjen fan harren sieradewinkel. Fan dat stuit ôf nimme se in au pair yn ‘e hûs en wurdt neist it Nederlânsk ek it Ingelsk de fiertaal thús. 


Yn Fryslân lêst Michel yn in krantsje dat in útwikselingsstudint siket om húsfêsting. Hy stelt it foar oan Nienke, dy’t it net iens sa’n raar idee fynt. Michel: ‘Dit werd de aanleiding om op zoek te gaan naar iemand die structuur voor Kaatje zou kunnen bieden, omdat wij in Gouda en Heerenveen twee goedlopende zaken hebben.’

Michel: ‘Onze eerste au pair was een succes, we konden zien dat een au pair heel veel geeft, structuur voor het kind, een tweede taal en een cultuur die zorgt voor een bredere kijk op de wereld. Het enige wat je inlevert is een klein beetje privacy, maar daar krijg je zoveel meer voor terug.’ Nienke: ‘Wat de taal betreft, verliep het voor Kaatje heel naturel. Ze was 2,5 toen de eerste au pair kwam en ze is zich er heel erg bewust van dat er meerdere talen zijn en hoe ze moet schakelen.’

Omdat der alle jierren wer in nije au pair komt, is it foar it húshâlden it handichst om gewoan Ingelsk thús te praten. Michel: ‘Aan het eind van het jaar, als de au pair het Nederlands beter verstaat, vervaagt de voertaal weer naar het Nederlands.’ Mar neist it Ingelsk kriget Kaatje ek in protte mei fan de memmetalen fan de au pairs. Se kin al telle yn fjouwer talen, en hat no ek fan au pair Guna yn it Letsk tellen leard. Nienke: ‘Zo leerde Kaatje bijvoorbeeld van au pair Irene uit Brazilië Portugese liedjes. De taalontwikkeling van Kaatje gaat spelenderwijs razendsnel en dat maakt het heel erg leuk.’

Op dit momint wennet au pair Guna (21) út Letlân by de famylje Van Doorn. Kaatje wurdt foardat de au pairs komme altyd goed taret op it feit dat der in tiid fan kommen, mar ek in tiid fan gean is. 

Neist it Ingelsk fan de au pair leart Kaatje ek noch it Frysk fan har freontsjes, dus wa wit praat se meikoarten ek noch floeiend Frysk!

Skriuwer: Fleur de Vries
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Bertefotografy: emoasjes yn byld

Bertefotografy is yn de rest fan Nederlân al jierren populêr, mar ek yn Fryslân kieze hieltyd mear âlders derfoar om dit bysûndere momint fêstlizze te litten. Net allinnich om letter werom te sjen op dy earste mominten, mar ek om it ferhaal fan de berte in plak te jaan.

sa prate wy thús

Sa prate wy thús: Thorsten en Amarinske

Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.

Sa lêze wy: Eke en Doete

Yn ús gesin is it momint foar it sliepen gean mear as allinnich de dei ôfslute. It is in fêst ritueel wurden dêr’t wy allegear nei útsjogge: tegearre in boekje lêze. As de jûn falt en de rêst yn ’e hûs weromkomt, krûpt mem mei dochter Doete (4) ûnder de tekkens mei in Frysk boekje yn ’e hân.

Panorama

We binne yn Athene. De stêd dêr’t Floris sûnt in jier wennet.
Trije jier werom wiene we om deselde reden yn Georgië.
De reis is minder spannend as doe. Der is in stevige basis. It is dúdlik wat de ferwachtingen binne en dat is fijn.
Teminsten foar ús. Der is altyd in stim yn myn holle dy’t rekken hâldt mei Teije. Wat betsjut dizze reis foar him? En is it foar him like dúdlik as foar ús?

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2021 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine