Zoek op inhoud

Ilse (4): ‘Ik ha it sa kâld, sjoch mar, al myn lytse hierkes komme út!’

Bernepraatsje ynstjoere →

Omke Ule sjocht stjerren

Maaike Boomsma: “Omke Ûle sjocht stjerren is in ferrassend ferhaal. It is moai op rym skreaun en lêst yn in hearlik ritme foar. It ferhaal sit fol lytse grapkes, benammen yn de prachtige sfearfolle en kleurige tekeningen. Foar elkenien is der wol wat op te sjen en te ûntdekken. Sawol ús âldste soan fan njoggen jier as ús jongste fan twa sieten oandachtich te lústerjen.” 

Lês mear

Fryske posters

heit&mem hat prachtige posters mei Fryske teksten yn de kolleksje.

Besjoch se hjir allegear
jong mem

Nynke waard mem op har santjinde

‘Ik rekke yn ferwachting doe’t ik sechtjin wie. Fiifenheale moanne lang hie ik neat yn ’e gaten. Doe ’t ik nei de húsdokter gie foar de pil, fertelde ik dat ik al in skoft net ûngesteld west hie. Op ’e fraach oft ik miskien yn ferwachting wêze koe, andere ik mei nee.

In fytshelm op

Elk jier komme der sa’n 31 bern ûnder de tolve jier om yn it ferkear. Dat is hast in hiele klasse fol. Dêrneist bedarje noch sawat 2000 bern troch in ferkearsûngelok yn it sikehûs. Kin it dragen fan in fytshelm dat foarkomme?

Lemke: ‘Wy jouwe dit boek in grouwe acht!’

Tegearre mei Fimme (5 jier) liezen wy it Grutte Pake en Beppe foarlêsboek mei alderlei ferhaaltsjes en moaie ôfbyldingen.

ferneamd

Ferneamd: Baukje & Baukje

Baukje hie har beppe al even frege wat sy oandwaan soe op de foto foar dizze heit&mem, en omdat dêr wat griens yn siet, hie se har eigen jurk dêr moai op ôfstimd.