Ja, hy is der wer! En noch wol yn nije styl! Lykas ús nije website! Wat fynst der fan?
Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurde, foto’s fan bern en bisten, de nijste berneboeken en noch folle mear! Do kinst hjir de heit&mem digitaal ynsjen.
Op de cover
Op de cover stiet Jonne Sverre Sinnige (7) út Ie. Jonne Sverre hâldt fan bisten. Hy hat twa keallen dy’t er moarns en middeis sels molke jout (kealleboarnt). Ek hat er trije hinnen yn in prachtich hokje. Hy is der grutsk op dat er mei in hin op de cover stean mei.
Podcast
En hast ús nije podcast al belústere? Ast dizze trije fragen beantwurdest, kinst it nije Simmerboek winne!
Floris komt wer nei Ljouwert en hy nimt ditkear ek syn âlders mei. Yn rjochte line binne dat de pake en beppe fan Teije. Foar it earst sille we mekoar treffe. We prate ôf by in lunchkafee mei boarterstún.
In skoftke lyn ha wy by de redaksje fan heit&mem fol ferwûndering it boek ‘Jagen, verzamelen, opvoeden’ lêzen. De skriuwster Michaeleen Doucleff beskriuwt ferskate opfiedingswizen fan stammen oer de hiele wrâld. Michaeleen is derfan oertsjûge dat wannear’tst in bern as in folweardich lid fan de húshâlding beskôgest en him/har dus meihelpe litst by (hast) alles watst dochst, dat foar alle partijen op ’e langere termyn better wêze sil.
Femke en Marcelo wenje sûnt augustus 2023 mei harren beide soantsjes Keano en Milo yn Dronryp. Dêr wurde ferskillende talen praat: Nederlânsk en Ingelsk as fiertaal, mar ek Spaansk en Frysk!
Mei in jonge fan 16 en in famke fan 14 jier âld wie harren gesin kompleet. Sa tochten Minke en Eelco. Boppedat hie Minke in stjurringssykte (stollingsziekte). Dêrtroch hie se faak bliedingen en moast se geregeld nei it sikehûs. De arts tocht dat it goed wêze soe as har memmeskurte fuorthelle waard. Op dy operaasje wie Minke har emosjoneel oan it tarieden. En doe bliek se swier te wêzen.
Waar kun je hulp vragen als het niet zo lekker loopt met je gezin? ‘Dat voelt als falen, en het is flink balen als je het niet alleen afkunt’, zegt Janine. Janine en Joris* kaarten het probleem aan bij het consultatiebureau, dat hen doorverwijst naar Home-Start, een programma van Humanitas. Albertje, de vrijwilliger van Home-Start, helpt hen op weg en voelt nu als een extra familielid, ‘een oma erbij’.
Se wie altyd hiel ûnbefangen yn har wurk. As de piper gie, gie Marlies fol fjoer as ien fan de earsten op ’e brân ôf, sûnder al te bot nei te tinken oer wat se oantreffe koe. No’t se sels mem wurden is, sjocht se oars nei wenningbrannen. ‘Wat as der bern by belutsen binne?’
Joukje Hamersma is juf fan groep 1 en 2 op CBS De Sprankeling yn Damwâld. Joukje: ‘Ik fyn Frysk geweldich! Wy ha dan ek alle freeds “Fryske freed”, dan jouwe wy de hiele dei yn it Frysk les.
Ik doch de doar iepen en sjoch yn deselde blauwe eagen. De herkenning docht my fersjitten, mar makket my ek waarm tagelyk. Hy hat deselde donkerbrune jas oan as doe’t wy elkoar foar it lêst seagen, sa’n twa jier werom.
Tjits van der Wal wennet mei har man Jelke en beide bern Sake (hast 6) en Yldau (9 moanne) yn Broeksterwâld. Sy is mem en flogger. Har ‘Tjits flochs’ begjinne steefêst mei de sin ‘in nije dei, in nije floch’ en soms in stevich akkoard op de gitaar derop ta.
Veel ouders geloven niet dat het mogelijk is om al aan baby’s voor te lezen en stellen het voorlezen uit tot hun kind twee of drie jaar oud is. Dat is jammer, want in het eerste jaar ontwikkelt een kind zich snel en leert het veel nieuwe dingen.
Jimme binne krekt heit & mem wurden en dan wolst fansels alles goed dwaan. Mar dat falt net altyd mei as alles noch nij foar dy is. Oeps! Mar gjin noed, begjinnersfoutsjes ha wy allegear wolris makke.
Op de website van heit&mem maken wij gebruik van functionele en analytische cookies.
Functioneel
Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.