Namme: Doutsen van Herk-Gerbrandy (34) út Snits. Doutsen is mem en parttime staazjekoördinator op de Piet Bakkerskoalle yn Snits.
Húshâlding bestiet út: Doutsen en har man Diek en de twalingen Stijn en Floor (5) en Mats en Anne (4)
‘Foar ús earste swangerskip sieten wy yn in sikehústrajekt. Wy fûnen it fantastysk doe’t by ien fan de echo’s bliken die dat we yn ferwachting wiene fan in trijeling! We wiene superbliid! Foar in trijeling waarden we trochferwiisd nei it UMCG en ûnder begelieding fan in professor ha wy dochs kieze moatten om der ien by wei te heljen. Alle kearen op de jierdeis fan Stijn en Floor tink ik dêr ek noch efkes oan.
Doe’t wy foar de twadde kear in bernewinsk hiene, wiene wy alhiel ferbjustere doe’t we wer twa berntsjes op de echo seagen.
Doe’t wy foar de twadde kear in bernewinsk hiene, wiene wy alhiel ferbjustere doe’t we wer twa berntsjes op de echo seagen. Earst tocht ik: hoe gean we dit dwaan? Mar myn man reagearre fuort mei: ‘Moai, dan moat der ek in oare auto komme.’ We wiene al gau oan it idee wend.
Moaie kanten
Us bern hawwe altyd in boarter by de hân en se stypje inoar by spannende dingen, lykas de earste kear op skoalle, op besite yn in frjemd selskip ensfh. Dêrneist is der altyd aksje en in soad wille yn ’e hûs.
Unhandige kanten
De earste jierren ha wy libbe mei struktuer, ‘rust, regelmaat en reinheid’. Dat wie net allinne foar de bern, mar ek foar ús in ‘must’. Geweldich wie ek de help fan ús mem yn de earste wiken. Fansels hast mei fjouwer bern in soad wask, in soad guod en in protte gesellichheid, mar it is ek noait hielendal rêstich.
De dagen binne yntinsyf, mar ik bliuw rêstich en bin in enerzjyk en praktysk persoan. We besykje mei de hiele húshâlding de dingen te dwaan dy’t wy earder ek diene, mei de caravan op fakânsje, skye of oare útstapkes. Fierder planne Diek en ik tiid yn foar ússels. Wy meie graach ris út iten, op stap of nei freonen.
Tekst: Ciska Noordmans
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 1 2020