It boek ‘Jou my de romte!’ begjint daliks spannend. Anno, de haadpersoan, stelt him oan de lêzer foar en jout oan dat er troch cybercrime yn de finzenis bedarre is. In serieuze misdied, omdat er út wraak besocht hat ferskate skoallen te hacken.
It foaropwurd soarget derfoar dat je daliks nijsgjirrich wurde nei it ferrin fan dit ferhaal. Wat hat er dien dat sa slim wie dat er dêrfoar yn de bak bedarre is en wêrom hat er it safier komme litten…?
Anno fynt it belangryk dat elkenien safolle mooglik oer pesten te witten komt.
It ferhaal giet oer de tiid dat Anno yn groep 7 sit. In rotjier, om’t er fanôf maart alle dagen pest waard. Pesten is fan alle tiden en komt spitich genôch, yn ferskate foarmen, op alle skoallen foar. ‘Anno’ fynt it belangryk dat elkenien safolle mooglik oer pesten te witten komt. Hoe’t it is om pest te wurden, mar ek hoe’t it is om sels te pesten. Hoe better ast begrypst hoe’t it wurket, hoe mear kâns datst it foarkomme kinst, foar dysels of foar oaren. It slagget de skriuwer om dat op in moaie en kreative wize te beljochtsjen.
Sa lit er de ferskate betsjuttingen fan it wurd ‘romte’ hieltyd wer weromkomme yn dit boek. “We binne allegear mei-elkoar ferbûn. Krekt as planeten yn de romte. Elk mei syn eigen kleur, eigen lânskip en syn eigen oantrekkingskrêft. Mar allegear like moai. Se jouwe elkoar de romte. Sa kinne se wêze wa’t se wolle.”
In prachtich boadskip!
It boek is foar bern út de boppebou maklik te lêzen, om’t de sinnen frij koart binne en der gjin dregeFryske wurden yn steane. Ek kinne sy harren maklik identifisearje mei de persoanen dy’t yn dit boek nei foaren komme.
As je ienkear oan it boek begjinne, dan wolle je it ek sa gau as mooglik útlêze om te sjen hoe’t it mei de pesterijen om Anno hinne ôfrinne sil.
Wol moat ik sizze dat je troch de wurden ‘cybercrime’, ‘hacken’ en ‘finzenis’ ferwachtsje dat it boek oars ferrinne sil. De fragen yn myn ynlieding binne dan ek noch net beäntwurde, mar miskien dat der oait noch in ferfolch komt op dit bysûnder moaie boek…!
P.S. Mochten je dit boek op skoalle foarlêze wolle, dan kinne je der ek foar kieze om der in skoalbreed projekt oer pesten oan te keppeljen dat ‘Anno N. fersus skoalbern’ hjit.
Marrit Jongbloed
‘Jou my de romte!’ is foar € 9,95 hjir online te bestellen.
-> Marrit is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.