Zoek op inhoud

Do kinst net mei de auto by de buorkerij fan Pytsje en Siebe Klaas Bokma komme. Want se wenje op it eilân ‘De Gouden Boaiem’, in natuergebiet fan Steatsboskbehear tusken Heech en Wâldsein. Se wenje dêr mei harren bern Klaas (8), Berber (6) en Teake Harmen (3). De âldste soan Klaas hat autisme.

‘Doe’t Steatsboskbehear sân jier lyn nije pachters socht, tochten wy beide: dat is wol wat foar ús. Myn man is boeresoan en it like him wol moai om wat te dwaan mei de natuer. Wat De Gouden Boaiem unyk makket, binne û.o. de greidefûgels. De greidefûgels hawwe it dreech, mar wy hawwe somtiden wol 75 spantsjes op it fjild. De gemiddelde boer hat sa’n fjouwer spantsjes. Prachtige fûgels lykas de skries, de reiddomp en de fjildûle komme hjir graach.

 

Wy ha sa’n tûzen besikers jiers.

 

En dat is net samar. Wy bedongje it lân mei rûge dong, wy litte de kij bûten rinne en wy soargje foar in heech wetterpeil. Ek fersoargje wy ekskurzjes, dêr’t elkenien him foar oanmelde kin. Foar de ekskurzje leit der in moaie pream klear yn Wâldsein. By ús thús krije de minsken dan in bakje kofje en in stikje biologyske cake. Dêrnei kriget elkenien in rûnlieding op ús buorkerij en gean se mei de fûgelwacht it fjild yn. De minsken rinne dan rjochting de buorkerij fan de âlders fan Siebe Klaas, dy’t op de oare kant fan it eilân wenje. Dêr wurde se wer oppikt mei de pream en dan farre se wer nei Wâldsein werom. Dy foarljochting is belangryk en hiel moai om te dwaan. Wy ha sa’n tûzen besikers jiers.

Wy wenje hjir prachtich. Us wetter wurdt ferwaarme troch in sinneboiler en wy ha twa houtkachels. Wy ite in soad wyld, want myn man jaget op guozzen. Wy ha sels in grientetún en wy ite allinne mar biologyske griente en fruit. Wy ferkeapje fleis en molke fan ús eigen kij. Sa besykje wy om hieltyd mear selsfoarsjennend te wêzen.

 

As de bern moarns nei skoalle sille, moatte wy earst in pear minútsjes farre yn in roeiboatsje foardat wy by de auto binne.

 

Us âldste soan Klaas hat autisme. It is faak in gaos yn syn holle. Mar bûten fynt er it hearlik. Dêr komt er ta rêst en hat er minder prikkels. Foar him is de romte en de rêst dy’t hjir is hiel belangryk. Klaas hat in eigen ko. Dy ko is hiel leaf en rêstich. Somtiden pakt Klaas in beker, melkt er syn ko en drinkt er de molke lekker op. 

As de bern moarns nei skoalle sille, moatte wy earst in pear minútsjes farre yn in roeiboatsje foardat wy by de auto binne. Simmers farre wy gauris mei de boat nei it doarp, dat giet faak noch flugger as mei de auto. Yn ’e maitiid is it hjir it moaist, mei alle blomkes yn ’e bloei en de fûgels yn it fjild. Nee, wy wolle hjir noait wer wei. ’

 

Tekst: Dieuwke van der Meer 
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 1 2020