Zoek op inhoud

Resinsje Achlum Nobusco en de monsternimmers troch Hilde

Foar ús leit in prachtich boek fan Eppie Dam. It boek is yllustrearre troch Ingrid van der Kallen. Ik lês it boek foar oan Marij (8 jier) en Else (5 jier).

Titel: Achlum Nobusco en de monsternimmers
Skriuwer: Eppie Dam
Yllustraasjes: Ingrid van der Kallen


It boek giet oer Achlum Nobusco. Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in houten skonk. Hy wennet yn ’e skieppeskuorre ûnder oan ’e seedyk. De minsken út it doarp fine Achlum Nobusco in nuvere man. Hy preket oer de fersmoarging fan it miljeu en hat aparte ideeën. De minsken fertrouwe him net en bern moatte fan harren âlders by Achlum Nobusco út de buert bliuwe.

Mar Mark en Nina binne net bang foar Achlum. As se op in middei yn ’e buert fan ’e skieppeskuorre komme om wettermonsters út see te nimmen, meitsje se kennis mei Achlum. Se geane mei nei de skieppeskuorre. Se fine Achlum aardich. Achlum fertelt Mark en Nina oer syn plannen. Achlum bout in skip en wol dêrmei nei it Nije Lân farre. Mar wêr is it Nije Lân? Yn in atlas is it net te finen. Mark en Nina fantasearje oer it Nije Lân, wat is it en hoe komst dêr? En kinst dêr ek wer wei? Mark en Nina beslute dat se mei Achlum mei wolle. Mar wat as Achlum harren net mei ha wol? En fine heit en mem it wol goed? Se betinke in plan om fuort te kommen. As dat mar goed komt!

Wat ús oangiet in prachtich ferhaal. We kinne it boek mar min fuortlizze en lêze it hiele ferhaal op ien dei út. It boek beljochtet de einichheid fan it libben, mar leart ús ek dat wy sunich op de wrâld wêze moatte. Foar Else wie it boek noch wol wat dreech. It leuke wie wol dat sy har eigen draai oan it ferhaal joech. It boek jout dan ek romte foar eigen ynterpretaasje. Foar jonges en famkes fan 8 jier en âlder in pronkje foar yn de boekekast. En wês no earlik, ek ast 8 jier bist en meastentiids sels oan it lêzen bist, is it ek noch hearlik om foarlêzen te wurden, dochs? Dit boek is dêr hiel geskikt foar!

Hilde van Kalsbeek, mem fan Marij (8) en Else (5) út Warkum.

Achlum Nobusco en de monsternimmers

Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn ’e skieppeskuorre ûnder oan ’e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy’t oer him dreame, wurde gûlend wekker.

Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út ’e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil.

Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân – wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in kaart te finen? Bestiet it wol? En asto dêr ienkear bist, kinst dan noch werom?

Resinsje Achlum Nobusco en de monsternimmers troch Olga

Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hy wennet al trettjin jier yn ’e skieppeskuorre ûnder oan ’e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal.

Boekresinsje fan Hilde: ‘Wekker wurde!’

Foar ús leit in prachtich ‘pop-up’ flapkeboek. It boek sjocht der moai út, it makket ús nijsgjirrich!