Lyts famke Nikki stiet op de râne fan ’e stoepe, tegearre mei har mem. Tomme yn de mûle, rôze bear ûnder de earm. Op ’e rêch in read rêchsekje mei wite stippen. Nikki draait har holle fan links nei rjochts om de strjitte te besjen. Hiel efkes lit har mem de hân fan har famke los. Oan ’e oare kant fan ’e dyk blaft in hûn. Nikki laket en set in stapke op de strjitte…
It binne dizze koarte mominten dy’t no krekt in ûngelok feroarsaakje kinne. Kinst in bern fan twa jier eins wol tariede op it ferkear? Se sjogge wat oan ’e oare kant fan ’e dyk en se rinne derop ôf. Se hawwe in ‘tunnelvisie’, pjutten sjogge no ienkear rjocht foarút. Dêr kinne sokke lytskes neat oan dwaan. Mar de minsken deromhinne fansels wol. Dy kinne omtinken jaan oan ferkearssituaasjes en de pjutten dêrop wize.
Dat moat wol boartsjendewei barre. It wie dêrom dat in gearwurking ta stân kommen is tusken de Afûk, Cedin en 3VO (Veilig Verkeer Nederland) foar pjutten yn it ferkear. Ien fan de resultaten wie it boekje Tomke en Romke yn it ferkear. Dêrmei woenen de ynstânsjes ek it Frysk lêzen begeunstigje en tagelyk ferskillende ferkearssituaasjes boartsjendewei behannelje.
It Kikkertfiskje
By pjutteboartersplak It Kikkertfiskje bygelyks, in Frysktalige skoalle yn Frjentsjer, hat juf Annie Bouma tegearre mei tutor Petra Poortstra in soad ferhalen ferteld oan de bern. Dêr yn Frjentsjer prate se alle dagen Frysk mei de pjutten. It moaie is dat de lytskes yn ’e klasse net sa faak Frysk werom prate, mar thús tsjin heit en mem yn ien kear wol Fryske sinnen brabbelje. Juf Annie glimket. ‘Wy fernimme dat se it Frysk dus wol oppakke. Wy wienen dan ek tige wiis mei al it materiaal fan Tomke, allegear yn it Frysk.’
Nikki en Tjitske drave troch it lokaal. De ien hat in pears prinsessejurkje oan, de oare in rôze. ‘Kenne jimme Tomke wol?’ Se bliuwe stean en knikke entûsjast. ‘Jawel!’ Se pakke in stoel en komme derby sitten. Beide in lyts popke yn ’e hân. ‘Dy moat ek mar sa’n moai jurkje oan ha’, laket juf. ‘Neehee, ze moet zo nog plassen hoor,’ seit ien fan ’e famkes. Juf laket en jout in knypeach. Fansels, se moat noch efkes pisje. Ut ’e boekekast helje se it boekje fan Tomke. Der steane allegear aardige ferskes yn, witte de famkes. Bygelyks it ferske oer Tomke dy’t in bekeuring kriget. De froulju gnize.
Lekker skeure oer de wei.
Ie-au, ie-au, ‘k ryd wol tachtich!
Ie-au, ie-au, it giet machtich!
FLITS!
Ho, stop!
In bekeuring, wat in strop!
Tomke en Romke yn it ferkear
Yn it boekje stean ferskillende moaie ferhalen oer Tomke mei syn hûntsje en syn freonen. De ferkearsbuorden wurde behannele, stopljochten, brêgewippers, dykôfsettings en mear fan soks. Hawwe de pjutten dêr no wat oan? ‘Jawis!’, fynt juf Annie. ‘De bern hjir binne twa, trije of fjouwer jier, mar do kinst der net betiid genôch mei begjinne. Eins al as se yn ’e buggy sitte, want dan komme se ek al yn oanrekking mei it ferkear. Alden kinne bygelyks sizze wat der bart op strjitte. Ast rêstich fertelst dat der in auto oankomt, of dat der in fytser fan links komt, dan sjocht it bern gewoan mei. Se moatte net bang wurde fansels, dus heit of mem moat net de hiele tiid warskôgje, mar gewoan de situaasje beneame.’
Gefaarlike situaasjes
Wat tutor Petra foaral opfoel, wie eins net iens in ferkearssituaasje, mar de fiver fierderop. ‘De 3VO-adviseur hie ús der ek al op wiisd; it binne allegear plakken dêr’t lytse bern it gefaar net fan sjogge.’ Betsjut dat dan ek datst der altyd by bliuwe moatst? ‘No, op sa’n plak wol fansels’, knikt Petra. ‘Mar it giet der foaral om datst dy situaasjes selst werkenst en dyn pjut derop wize kinst ast yn ‘e buert bist.’
In oar foarbyld fan in gefaarlike situaasje dêr’t jo net sa gau rekken mei hâlde, binne de grutte konteners dy’t oan ’e kant fan ’e dyk stean. As in bern derefter stiet, sjogge automobilisten him net.
‘Do kinst dyn bern dus leare om net by dy konteners oer te stekke’, fertelt Petra. It binne eins fan dy lytse learmominten dy’t grutte gefolgen hawwe foar de feiligens fan in bern. Foarop stiet dat heit en mem altyd in eachje yn ’t seil hâlde moatte. Mar ek pjutten kinne al in soad leare as se yn it ferkear rinne.
Nikki stekt har hantsje út en seit: ‘Mem! In hûntsje!’ Mem pakt gau har hân wer fêst. Lokkich draaft net elk lyts famke samar de dyk oer!
Ut: heit en mem 2010, 3
Op syk nei de dvd Tomke yn it ferkear?