Zoek op inhoud

‘Twa lytse wite lamkes…’ In protte bern learden dit ferske eartiids op skoalle fan harren beukerjuf. It ferske is prachtich en tiidleas dat it kin noch altyd mei de bern songen wurde!

Blêdmuzyk ‘Fan twa lamkes’

Poster ‘Fan twa lamkes’

Fan twa lamkes

Twa lytse wite lamkes,

dy boarten by de sleat.

Har mem sei ‘Hjir gau berntsjes,

dat komt aanst grif ferkeard!’

 

Dy smoarge lamkes tochten

ús mem dy praat mar wat.

Lit ús hjir mar moai boartsje,

dat wetter, wat soe dat?

 

Hja sprongen en hja dûnsen,

en ja, it kaam ferkeard.

Want ’t wie ynienen: hoepla!

Kopke-ûnder yn ’e sleat!

 

’t Ald skiep begûn te gûlen.

Dêr kaam de boer op ôf.

Hy sei: ‘Ik sil jim helpe,

mar ‘k set jim gau oan ’t tou!’

 

Juff. G. Dam

 

Pykje fjouwer en it ferske ‘Simmermoarn’

Hoe moai is it om de bern yn de maitiid it ferske ‘Simmermoarn’ te learen? Sjoch hjir foar de tekst en muzyk.

Printables: Maitiid & Peaske

Einlik, maitiid! Wolst wat leuks ophingje? Tsjek ûndersteande printables! Klik op it plaatsje foar in pdf!

De resinsje fan Harmke oer Kwek Kwek Minemyn

Fryske berneboeken op tema

Der wurde prachtige Fryske berneboeken útjûn. Wy ha alle boeken foar jimme op tema set, lykas de seizoenen, feestdagen mar ek tema’s as ferstopperke of kleur en foarm. Wy winskje jimme in protte foarlêswille ta!