Zoek op inhoud

Pake

Mei de elektryske miggeklapper pak ik in neef.
‘Dea’, sis ik. Mei ik sjen? Teije springt op fan de bank en sjocht nei de neef.
Is dy echt dea? ‘Ja’, sis ik. Ik klopje de miggeklapper út yn de pedaalamer. De neef falt op in stik keukenpapier. It deksel falt ticht.

Wêr is de dea dan? Is dat yn Afrika?

Nee, ast dea bist dan giest nei in plak dêr’t wy net komme kinne. Sommige minsken neame dat de himel. Pake bygelyks. Mar pake libbet net mear.
‘Ik ha gjin pake’, seit Teije, wylst hy fierder bout oan syn lego.
‘Ik hoopje dat ik noch wolris in pake krij.’

Ik wol net tsjin him sizze dat dat net gebeure sil.
Ik freegje my ek ôf wat hy foar byld by in pake hat. Ik stel my foar dat er fantasearret oer in fitale man dy’t op knibbels oer de flier krûpt en dan in hynder neidocht.
Ik tink oan ús heit en moat dan ek laitsje. Us heit soe dat nea dwaan.

By it libben hie ik in yngewikkelde relaasje mei ús heit.
Syn dea brocht my nêst fertriet ek de frijheid om te kiezen foar wat ik wolle soe.
Ik doarde foar myn bernewinsk te gean. Allinne.
Ik hoefde my net langer ôf te freegjen wat hy der dan fan fine soe.

Ik tink noch best faak oan ús heit.
Soms op de frjemdste mominten.
At ik in kezyn stean te skuorjen of yn in boumerk bin.
De geur fan seachsel docht my tinken oan ús heit.
Mar ek at ik tegearre mei Teije yn ús húske bin. We dwaande binne mei ús jûnsritueeltsjes. Ik stel my dan foar dat hy sjen kin wat wy dogge. En ik kin my dan eins net foarstelle dat hy net grutsk is op wat er dan sjocht. Teije krijt in oare jeugd as dat ik sels hân ha.
Mar wat soe ik graach wolle dat hy hjir ris oan de keukentafel siet.
En dat hy dan Teije oer de holle strike soe.

Ik romantisearje dit fêst. In gesprek slagge ús selden.
Al tink ik dat Teije in ûnderwerp wêze soe dêr’t we beide ús hert oan ophelje soene.

Sjoukje de Boer 

Sjoukje de Boer (1987) is dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije. (2019) Se skriuwt al in oantal jier kollums foar de heit&mem.

Sjoukje de Boer makket ek prachtige yllustraasjes. Sjoch ris op har instagram: @sjoukje.deboer
En se hat foar de Afûk ris moaie filmkes mei dochplaten makke. Foar elkenien fergees te brûken!

Pake

Mei de elektryske miggeklapper pak ik in neef.
‘Dea’, sis ik. Mei ik sjen? Teije springt op fan de bank en sjocht nei de neef.
Is dy echt dea? ‘Ja’, sis ik. Ik klopje de miggeklapper út yn de pedaalamer. De neef falt op in stik keukenpapier. It deksel falt ticht.

De basis

Sûnt trijekwart jier is der in man yn myn libben. Sûnt ús earste date dêr oan it Meerkoetstrân is er net mear wei te tinken. Ik sjoch him noch myn kant op rinnen yn syn Bonnie “Prince” Billy-shirt en mei syn gitaar op ’e rêch. 

In wike mei Floris (kollum troch Sjoukje de Boer)

Alles (kollum troch Sjoukje de Boer)

Kollum: Snein (troch Sjoukje de Boer)

Siik (kollum Sjoukje de Boer)

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #3

Yn dit nûmer giet it oer fjouwer generaasjes fan it selde geslacht, in prachtige bernekeamer, machtige foto’s fan bern dy’t wat útfretten ha, moaie boeketips, in artikel oer angst foar de befalling, Willeke Dikland oer hoe’t it is om al betiid yn de oergong te sitten en in artikel oer bern dy’t net goed sliepe kinne.

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine