Zoek op inhoud

Wy binne op wei nei Georgië. De (donor)heit fan Teije wennet dêr en we sille him foar in wike opsykje. Wylst Teije him foar it raamke fergappet oan de wolken mimerje ik oer hoe at it wêze sil.

‘Fynst it ek spannend?’ frege in freondin my in skoft werom doe’t ik fertelde oer de reis.
‘Hoe at it letter komt? At Teije miskien mear nei de (donor)heit talûkt?’
Dan is der turbulinsje. We klikke de riemen fêst.

Ein fan de middei lânje we yn Tbilisi. Yn de ûntfangsthal wachtsje Floris en syn freon ús op.
‘Kijk, mijn nieuwe koffer’, is it earste wat Teije seit. It begjin fan dizze reis, wêrop’t we ús it lân eigen meitsje, mei syn katsjapoeri (Teije syn favoryt) en syn natuerwyn.
It is in wike fol mei prachtige mominten.

De lêste jûn binne wy út iten.
Teije is op it lêst sa wurch dat we ôfrekkenje. It rinnen slagget him net mear. Floris pakt him yn syn earms en hy tilt him de hiele reis nei ús Airbnb. Healwei falle Teije syn eagen ticht fan de sliep. We rinne op deselde maat. Ik pak de kaai en draai de doar fan it slot.
Mei Teije yn syn earms rint hy de trep op. Hy leit him del yn bêd.
Elk dogge we in skoech út. Ik bin flugger as hy. Hy krijt de knoop net út de fiter. Ik lit him. Ik knip in ljochtsje oan.

Floris giet nei syn eigen hûs. Hy betanket my foar alles. Hy hat de skoech fan Teije noch yn ’e hân. Hy set dy foarsichtich ûnder de stoel. Alles giet hjir yn slow motion. Myn holle docht syn bêst om elk momint op te slaan.

Dy nachts sliep ik net. Om 04.00 oere komt de taksy dy’t ús nei it fleanfjild bringt.
De wike wie as in film. Om 03.45 oere wurdt der op ús doar kloppe. Floris komt ús noch útswaaien.
Hy sjocht my oan mei deselde soart eagen dy’t my letter yn de taksy freegje om in koekje.

Soms is de takomst spannend. Mar ik ha fertrouwen yn Floris.
Dat hy letter de goeie dingen seit.
De doar fan de taksy falt ticht. We swaaie en tekenje op it rút in blij gesicht.

De taksysjauffeur praat inkeld Georgysk. Oant it fleanfjild is it foar it grutste part stil. Ik sjoch nei Tei.
Ik jou him in tút en fertel him dat ik sa wiis mei him bin. Dat wy sa wiis mei him binne. Myn protterke.

Us protterke. 

Ut: heit&mem nr. 1 2023

 


Sjoukje de Boer (1987) is dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije. (2019) Se skriuwt al in oantal jier kollums foar de heit&mem. Hjir kinst se allegear lêze.