Zoek op inhoud

Kinne de bern har einliks rêde, sitte je wer yn ’e ruften. In neikommerke: lêst of lêste kâns?

‘Ik hie altyd it gefoel dat ús famylje noch net kompleet wie. Myn man begriep dat net, want wy hienen dochs alles wat wy winskje koenen? In soan fan fjirtjin en in dochter fan trettjin, beide sûn en fleurich. Dat wie fansels sa, mar dochs wie de ferrassing dat der in tredden ûnderweis wie, mear as wolkom.

Sels bin ik ek in neikommerke, ik kom tolve jier nei. Dat ha ik net altiten as posityf ûnderfûn. Jo groeie dochs foar in part sûnder bruorren en susters op. Ik hie ek it gefoel dat ik mei harren konkurrearje moast. Dat ik my ferdigenje moast as ik wat noch net wist of koe. Pas letter ûntstie der in djippere bân. Ik begryp Vera har posysje dus hiel goed en kin der dêrom ek op ynspylje.

De oare twa bern binne wiis mei har. Doe’t ik acht wiken swier wie, helle ik gebak en fertelden myn man en ik it se. It wyfke rôp daliks dat har grutste winsk útkaam. De âldste, al in echte puber, easke in lûdtichte keamer, want: “Ik wol gjin gejank hearre.” It moast fansels wol even wenne. En ik ha altyd sein dat it net altyd leuk hoecht te wêzen. Mar Vera is echt in kado. Se bringt safolle fleur yn ús gesin!

Us nauwe rûnte reagearre tige goed op har komst. Mar ik bin skrokken fan ’e reaksjes fan tredden. Guon hienen sa’n oardiel. “Wêr begjinst oan?”, “No moatst wer hielendal opnij begjinne”, “Bist wer mei beide hannen bûn…” Sokke útspraken. Mar sa belibje ik it hielendal net. Ik bin miskien ek wol wat in memmehin. Myn man is sjauffeur en dêrom in soad fan hûs. Ik bin graach thús en regelje alles. Dat fyn ik hearlik. En ik wol der foar Vera wêze sa’t ik der foar Jan en Stien wie. Boppedat binne we God tige tankber foar de bern dy’t we fan Him ûntfange mochten.’