Zoek op inhoud
In freondinne foar it libben
It foarfal op 12 juny 1979 wie in markearpunt yn it libben fan Reny Mous (59) en Maaike Greydanus (58) út Jirnsum. De twa-ienheid spatte útinoar, mar se binne freondinnen foar it libben. Al mear as 45 jier en foar altyd.
10 tips om te dwaan mei de pake- en beppesizzer
Bisto pake of beppe en sikest aardige ideeën om te dwaan mei dyn bernsbern? Yn dit artikel fine jo 10 praktyske aktiviteiten dy’t de tiid mei de pake- en beppesizzer noch moaier meitsje. Fan bûten boartsjen en bakken oant nifeljen en foarlêzen – dêr sit wol wat by foar elke dei!
Pake Eelke hat in streekje foar
As lyts jonkje stie Eelke van der Weij (75) yn de winter hast alle dagen op it iis. Tsjintwurdich stiet er oan de kant by Thialf om nei syn pakesizzer Danique (8) te sjen. Danique is sljocht op reedriden, krekt as de oare pakesizzers Fimke (8) en Brecht (6). Pake Eelke hat letterlik en figuerlik in streekje foar.
Beppe Willy kinst wol in boek oer skriuwe
Poezen dy't prate kinne. Mûzen dy't kattekwea úthelje. En hûntsjes dy't spannende aventoeren belibje. Yn de fantasywrâld fan Lauren (7) en beppe Willy van der Veen (67) kin alles. Tegearre betinke se oan de keukentafel de moaiste ferhalen en meitsje dêr harren eigen tekeningen by. Kinst der wol in boek oer skriuwe.
‘Wy genietsje no folle mear fan de bern’
Pakes en beppes binne anno 2021 net allinnich pake en beppe mar faak ek oppas foar harren bernsbern. Wat fine se dêr eins fan en bemuoie se harren ek mei de opfieding? Wy praten mei fjouwer grutske pakes en beppes oer harren dûbeldrol.
Wy wenje op ’e stâl
De doar by elkoar platrinne dogge se net, mar it is wol fijn dat der altyd immen yn ’e buert is. Soe der wat wêze, dan binne se der foar elkoar, altyd. Tineke (31) en Geertjan (36) namen fiif jier lyn de pleats yn Harich fan harren heit en mem oer, yn goed oerlis. Aleta (58) en Roel Zuiderbaan (62) binne bliid dat it sa koe en wenje no yn ’e prachtich ferboude stâl. De nok sit op fiif meter hichte, yn it sicht twa grutte âlde houten balken dêr’t tsien moaie swarte lampen oan hingje.