Zoek op inhoud

Bisto pake of beppe en sikest aardige ideeën om te dwaan mei dyn bernsbern? Yn dit artikel fine jo 10 praktyske aktiviteiten dy’t de tiid mei de pake- en beppesizzer noch moai­er meitsje. Fan bûten boartsjen en bakken oant nifeljen en foarlêzen – dêr sit wol wat by foar elke dei!

1. Jas oan, learzen oan en de natuer yn. Lit de bern lekker útraze yn de bosk of by de mar. Boartsje mei tûken, oer avontuerepaadsjes rinne, ferstopje en beppe en pake skrikke litte. En dêrnei … jouwe se harren fêst hiel rêstich del.

2. Gean tegearre op ûntdekking op de souder fan pake en beppe, wat lizze dêr noch foar skatten? Ferklaaiersklean, boartersguod fan heit of mem, boeken en fêst noch folle mear. Nim it moaiste guod mei nei ûnderen en boartsje mar.

3. Bakke! Koekjes, cakejes of in taart, beppe en pake hawwe fêst in eigen spesjaliteit, har eigen famyljeresept dat fansels oerdroegen wurde moat. En sis no sels, wat is der no lekkerder as ûnderwilens sline fan it beslach en snoepe fan it lekkers.

4. Klusjes dwaan yn en om ’e hûs. Beppe helpe mei it itensieden of skjinmeitsjen, pake helpe mei de klusjes om ’e hûs hinne, bern helpe graach, foaral as it net moat. En net ferjitte om ûnderwilens gesellich by te praten.

5. Fotoboeken besjen. Doe’t pake en beppe nei skoalle gienen wie dat hiel oars as no, ek it doarp of de buert seach der oars út. Pak de fotoboeken derby en fertel oer hoe’t it eartiids wie en freegje nei hoe’t it hjoed-de-dei by de bern giet.

6. Nifelje is foar alle leeftiden moai om te dwaan, brûk dêrfoar bygelyks de knopepot, de âlde lapkes of de ynhâld fan de krantebak. Gjin ynspiraasje? Sjoch ris op Pinterest foar de moaiste knutselideeën.

7. In spultsje dwaan mei pake en beppe, watfoar spultsjes ha pake en beppe yn de kast? Memory, Monopoly, ganzenbord of in sjoelbak, sykje mei-inoar in spultsje út. Wa wint?

8. Pak in boek, beppe hat fêst noch wol wat moaie foarlêsboeken yn de kast stean. Pak in boek, in bakje tee en wat lekkers en krûp tegearre op de bank. Beppe of pake hat fêst alle tiid om foar te lêzen.

9. Hutten bouwe. By min waar yn de keamer, by moai waar bûten. Brûk wat der foarhannen is, sa as lekkens, waskrek, tafel, planken, kessens ensfh. En as de hut klear is? Dan is it tiid foar wat drinken en lekkers yn de hut fansels.

10.   Bouwe mei duplo, lego, blokken, wat der mar is. Wa makket de heechste toer? En wa de moaiste autogaraazje of it leukste poppehûs?

Tekst: Douwkje Douma

Prate yn de tredde persoan

Mem. Wol mem, as it mem útkomt, efkes neitinke oer wêr’t mem myn redens opburgen hat, mem? MEM?

Wurdsto pake of beppe?

Lokwinske! Wat in bysûndere tiid stiet jim te wachtsjen. Net allinne foar dyn soan of dochter, mar ek foar dy feroaret der in soad. In nije generaasje, in nije rol… en miskien wol in fêste oppasdei? As pake of beppe silsto in unike rol spylje yn it libben fan dat nije minskje.

ferneamd

Ferneamd: Baukje & Baukje

Baukje hie har beppe al even frege wat sy oandwaan soe op de foto foar dizze heit&mem, en omdat dêr wat griens yn siet, hie se har eigen jurk dêr moai op ôfstimd.

De resinsje fan Anne: ‘By beppe útfanhûs’

In hiel werkenber ferhaal oer útfanhûzje. Fan it koffer ynpakken, beppe dy’t alle war docht om it moai en noflik to meitsjen, oant it útswaaien by it wer nei hûs ta gean fan Maaike. It famke giet net faak by beppe útfanhûs, tink ik, want se moat al hast gûle by it ôfskied fan mem. Fierder yn it boek hat se ek nochal krap. By it pankoekiten, yn bad en as Maaike op bêd leit fansels.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2021 #1
Bekijk magazine