Zoek op inhoud

Magazines

Heit & Mem

2015 #1

Hoe ga je om met een boos kind?

Smite mei boartersguod, skoppe tsjin de doarren of raze en skelle. Elk bern is wolris lilk. Net in bytsje lilk, mar echt hiel boas. En it heart miskien nuver, mar dat is mar goed ek, seit famyljeterapeute Reinette Montsma. Sy wurket by Kinnik fan GGZ Fryslân en kriget elke dei heiten en memmen yn har sprekkeamer mei de fraach: hoe kinne wy omgean mei de lilkens fan ús bern?

Bewust(er) leven: levensstijl of trend

Hoe is it om pleechbern te hawwen?

Heechbegaafd, mar lege Cito-scores

Jesper siet yn groep 4 doe’t de juf syn âlders frege om mei him te oefenjen op kloklêzen. ‘Dêr seagen wy raar fan op’, fertelt syn mem. ‘Hy koe al kloklêze doe’t er 3 wie.’ It wie ien fan de earste sinjalen dat der wat net kloppe. Ferline jier, yn groep 7, waard echt dúdlik wat der oan ’e hân is: Jesper ûnderpresteart.

De Praatstok

Ingelsk foar lytse bern? No pressure!

Ferdwale yn in wrâld fol ferhalen

Mei harren fiven steane de skoalbern om de deftige stoel fan skriuwer Mindert Wijnstra hinne. Allegearre ha se in briefke yn ’e hân, dêr’t se mar al te graach in hantekening fan harren Skoalskriuwer op hawwe wolle. Mei in glim op it gesicht set Wijnstra op alle papierkes in persoanlik ferhaaltsje, mei dêrûnder syn sierlike kribel. As de jonkjes en famkes wer nei it lokaal drave, laket er efkes. ‘Ik bin benijd hoelang’t se dat briefke bewarje.’

Riemkje en Tomke twa hannen op ien búk