Zoek op inhoud

Linda is in echte tûzenpoat

Linda is yllustrator, foaral fan boeken foar bern, of minsken dy’t har noch altyd jong fiele. Se hat har atelier yn Burgum, dêr’t it fol hinget en stiet mei proefkes fan inkt, makke fan beammen − as ynspiraasje foar har nije boek − mei stimpels dy’t se sels makket, boeken, tekeningen, oantinkens fan reizen en boekrelatearre merchandise. Alles fertsjintwurdiget in stikje fan Linda har wurk.



De yllustrator
Kening & Kening skreau Linda mei Stern Nijland. “Een groot compliment voor de schrijfsters, die een feestelijk boek maakten over verliefdheid”, kopte de Volkskrant. It ferskynde yn mear as 11 talen en liet yn guon lannen stof opwaaie. Is Kening & Kening in suksesfolle produksje, ûnderwilens hat Linda al in protte boeken op har namme stean, allegearre mei in eigen styl en doelgroep.
Linda: ‘Ik bin eins in grutte knutselaar. Dat klinkt wat sjofel miskien, mar ik sjoch it wurkjen as in ambacht. Alles meitsje ik sels. Ik tekenje en kleurje alles mei de hân en en ik meitsje in protte gebrûk fan kollaazjetechniken en stimpels. It is in hiel kreatyf proses. Dat ik dan “beheiningen” oplein krij, fyn ik fijn; dat jout my in soad frijheid.’ Linda doelt op de doelgroepen, it materiaal en kleurgebrûk, of it tema. As foarbyld pakt Linda it boek Er zit een gat in de wereld van Spriet derby. Dat is in fleurich filosofysk boek oer alles en oer neat, bedoeld foar 7+, makke mei balpen en de kleuren read/swart. ‘Troch de restriksjes kin ik mysels útdaagje om it materiaal te ûndersykjen en optimaal yn te setten.’

De ûndernimmer
‘Ik wurkje yn opdracht en soms bin ik sels de motor fan in nij projekt’, fertelt Linda. ‘Ik meitsje wolris yllustraasjes foar yn de Tomke-boekjes, dy passe by in ferhaaltsje of in ferske. Sa’n gearwurking is hiel noflik, mar dêr kin ik net fan libje. It is gauris hurd wurkjen om útjouwers te finen. Der swimme in protte fisken yn de printeboekefiver.’
Soms moat ik konsesjes dwaan oan myn idee. Dêr moat ik wolris op omkôgje. Hoe fantastysk it fak fan keunstner en yllustrator ek is, ik kin net fan de lucht libje. Fansels is in útjefte ek wer in moaie opstekker, in projekt dêr’t leafde en tiid yn sit.’

De wrâldreizger
Linda: ‘Troch Kening & Kening binne der muorren sljochte en it boek hat wrâldwiid oanlieding west om oer alle foarmen fan relaasjes te praten. Yn Meksiko-stêd spile it nasjonaal ballet in goreografy op basis fan Kening & Kening, der is in jeugdteäterfoarstelling fan yn Rotterdam en Dútslân, en al jierren wurdt it opfierd as poppespul yn Argentinië. It boek hat my de mooglikheid jûn om de wrâld oer te reizgjen, minsken te ynspirearjen, mar ek wer ynspirearre te wurden troch oaren. Soms nim ik op reizen in oantinken mei. In oare kear is in reis nei it bûtenlân of nei in wurkwinkel yn ’e buert wer in oanlieding om sels wat te dwaan mei merchandising. In reis, hoe fier of tichteby ek, bringt dy altyd fierder.’

De ynspirator
Linda is ek ien fan de Verhalenmakers op School en ien fan de Schoolschrijvers, in groep fan profesjonele berneboekeskriuwers dy’t lesjouwe yn de klasse. As kreatyf rolmodel entûsjasmearret Linda bern (en learkrêften) oer boeken én om sels ferhalen te skriuwen. Linda: ‘Ik fyn it hiel leuk om bern foar te lêzen en betsjuttingsfolle petearen te fieren. Sa helpe wy bern fierder nei de biblioteek en de boekwinkel, mar ek om har eigen lêsfoarkar te ûntwikkeljen.’

De tûzenpoat
‘De ôfwikseling makket it libben as keunstner en yllustrator hiel leuk’, seit Linda. ‘Altyd lesjaan, of ûnderhannelje, of altyd allinne mei mysels yn it atelier, dat makket net gelokkich.’ As tûzenpoat moatst in soad kinne, mar: ‘doch wat dêr’tst bliid fan wurdst’, is Linda har advys.

Tekst: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Lêstip fan Keimpe: Ik wol in bosk op ’e jierdei

‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ is in betsjoenend printeboek fan auteur en yllustrator Linda de Haan. In fleurich printeboek oer de magy fan beammen en dreamen dy’t útkomme.

Lêstip fan Keimpe: Kening & Kening

Kening & Kening

In humoristysk mearke oer in prins dy’t trouwe moat fan syn mem omdat dy wolris mei pensjoen wol. Der komt in rige prinsessen foarby, mar de prins wurdt der net oars fan, oant der in wûndermoaie prins delkomt…

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #2
Bekijk magazine