In humoristysk mearke oer in prins dy’t trouwe moat fan syn mem omdat dy wolris mei pensjoen wol. Der komt in rige prinsessen foarby, mar de prins wurdt der net oars fan, oant der in wûndermoaie prins delkomt… It boek, dat al yn tolve talen ferskynd is, komt no foar de twadde kear yn it Frysk út, no yn in lytsere edysje. Skriuwers: Linda de Haan & Stern Nijland ‘Kening & Kening’ is hjir foar €12,50 online te bestellen.
|
Jinke: “As wy de side omslaan en bliken docht dat er fereale is op de prins, binne se even yn ’e war. Hy socht toch om in prinses? Mar dan moatte se laitsje en Fardau wit wol wat er is: ‘De prins is homo!’ It makket foar de bern gjin ferskil, se binne alwer op syk nei de poes!” |
Ynsjochfilmke!
Filmke mei hânpoppen!
Der wie ris in Keninginne dy’t eins wol mei pensioen woe. Mar de prins, dy’t har opfolgje moast, wie noch net trouwd! Dus gie se op syk nei in geskikte prinses foar har soan. Mar dat pakt wat oars út dan as se ferwachte hie!