Zoek op inhoud

Lêstip fan Keimpe july: it Simmerboek

Foar yn de simmerfakânsje, thús of ûnderweis! In prachtich dochboek fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes. Spesjaal foar bern fan 2 o/m 6 jier.

Nei it sukses fan it ‘Winterboek’, dat útkaam yn de hjerst fan 2022, is no it ‘Simmerboek’ ferskynd by Utjouwerij Afûk! Ek it simmerboek is in ‘dochboek’ fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en nifelwurkjes, foar lytse bern. Alle ferhaaltsjes en gedichtsjes binne spesjaal nij skreaun foar dit Simmerboek.


Sjoch hjirûnder foar noch mear leuke aktiviteiten en tips dy’t passe by it Simmerboek!

Ynteraktive sykplaat – Simmer

Leuk! In ynteraktive sykplaat fan Keimpe de Krokodil oer de simmer. Sykje tegearre mei Keimpe nei alle Fryske wurden dy’t op de tekening te sjen binne en spylje it hiele spultsje út!
Klip op de ôfbylding om online nei it spultsje te gean.

Ferske: ‘Op fakânsje’ fan Janneke Brakels
Filmke sjen! Pim en Pier sille op fakânsje nei it Amelân
It is fakânsje. Pier-en-dy sille in wike nei It Amelân. Se geane allegear mei. Ek Bijke en Marike! Mar op ‘e boat binne wol in hiele protte seefûgels…
Noch mear leuks foar dizze simmer:

Keimpe’s simmer-lêsbingo, in Tomke-kleurplaat, nifelje mei stientsjes en in wurdkaart mei moaie Fryske simmerske wurden! 🙂
Klik op de ôfbylding foar de pdf.
Klik op de ôfbylding foar de pdf.
Klik op de ôfbylding foar de pdf.
Klik op de ôfbylding foar de pdf.

De resinsje fan Irene: It simmerboek

Fan bûten sjocht it der al as in prachtich boek út. Lekker simmersk giel en útnûgjend dik. Hoewol’t ik oars hoopje, kin it mei dit boek de hiele simmer wol reine, want it boek hat hast 100 siden mei ‘simmerske ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes. Foar yn de simmerfakânsje, thús of ûnderweis.’

Simmerboek

It simmerboek is in ‘dochboek’ fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en nifelwurkjes. De skriuwers dy’t dêroan meiwurke ha, binne: Riemkje Pitstra, Geartsje Douma, Berber Spliethoff en Reina&Greetje. De yllustraasjes binne makke troch: Anna Sikkes, Luuk Klazenga, Aart Cornelissen, Berber van den Brink en Marije Koelewijn.

Omdat yn it boek in soad spultsjes en nifelwurkjes te finen binne, is it in moai ‘dochboek’, bygelyks foar yn ’e simmerfakânsje.
It Simmerboek is foar € 9,99 te keap yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.

Witst dat der ek in prachtige
Keimpe-hânpop-knuffel 
te keap is?

Mear witte oer Keimpe? 
Sjoch op: