
Christianne docht it dapper allinnich
Neidat har eks foar de nije leafde nei Seelân ferhuze, bringt Christianne (39) harren twa dochters allinnich grut. ‘It is wolris fermoeiend, mar ik fyn it net slim om it allinnich te dwaan.’
‘Twa jier lyn bin ik skieden fan de heit fan ús bern Lynn (7) en Fleur (4). Ik bleau allinnich achter, neidat hy fereale rekke op in oar. Trochdat myn eks fier fuort wennet, wie ko-âlderskip gjin opsje. De bern en hy sjogge inoar ien kear yn de trije, fjouwer wiken. Troch de ôfstân is it lestich foar de bern om in bân op te bouwen mei harren heit. Hy kin net foar in krûpke efkes nei se ta. De âlderjûnen komme ek, lykas de measte dingen, op my del. Mei leafde hear!
Fansels hie ik it oars foar eagen. As je foar bern kieze, kieze je derfoar om dat tegearre te dwaan. Mar byinoar bliuwe en net lokkich wêze, dat kin ek net de bedoeling wêze. Ik kin him net tsjinhâlde om syn gefoel te folgjen, al hie ik wol leaver hân dat hy yn ’e buert wenjen bleaun wie.
Dat it goed giet mei de bern is foar my it wichtichste.
Nettsjinsteande de situaasje binne wy goed útelkoar gien. Ik bin mei de bern fan Skarsterbrêge nei Dokkum gong, it plak dêr’t ik wei kom en dêr’t myn âlders noch altyd wenje. Dat hat in goede kar west.
Fleur wit net better as dat se mei my en Lynn allinnich wennet. Mar Lynn wit noch dat sy mei papa en mama en har suske ûnder ien dak libbe. Sy hat dêr emoasjes by, sy mist papa. It leafst sjocht sy ús wer tegearre. Gelokkich hawwe wy in goede bân, se fertrout my en wy prate sa faak as nedich is. Ek ha ik help fan maatskiplik wurk foar har oanfrege, ik wol net dat sy letter problemen kriget troch de skieding. Dat it goed giet mei de bern is foar my it wichtichste. “Se strielje wol, út ’e eachjes wei”, seit ús mem. Dat docht my goed.’
Tekst: Tialda Hoogeveen
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie

Us húshâlding
Alles voor die ene Olympische droom
Het gezin Veltman uit Leeuwarden, bestaande uit Davy (40), Rachel (37), Indy (11), Kai (8) en Raff (4), lijkt op het eerste gezicht heel gewoon. Hij werkt bij de politie, zij is juf en de kinderen gaan met plezier naar de IKC Teresaschool bij hun in de buurt. Er is één verschil met doorsneegezinnen. Indy is topsporter in hart en nieren. Hoe ga je daar als gezin mee om?

De Fryske famyljefloggers
Tjits van der Wal wennet mei har man Jelke en beide bern Sake (hast 6) en Yldau (9 moanne) yn Broeksterwâld. Sy is mem en flogger. Har ‘Tjits flochs’ begjinne steefêst mei de sin ‘in nije dei, in nije floch’ en soms in stevich akkoard op de gitaar derop ta.

Us húshâlding: DCD en ASS
Anna-Neeltje wennet mei har twa bern yn Wolvegea. Se binne net in trochsneed húshâlding en dochs ek wer wol. Anna-Neeltje is ambulant begelieder by Scauting. Jurre is klear foar it transysjeproses en libbet mei ASS. Dochter Marije is sljocht op freerunning, folget de havo, en hat neist DCD ek mei ASS te krijen. Wat soks krekt ynhâldt en watfoar ynfloed dat op harren hat, lizze se graach eefkes út.

Ik vertrek! (Mar dan wol tichtby)
It is in see fan romte wêr’t de famkes fan Hendrik en Maryline Posthumus opgroeie. Yn it griene gers fan Bantegea leit Camping De Bolderik. Yn 2022 naam it pear de camping oer en joech it dy moaie blommenamme. Lykas har bern dy’t se ek nei blommen ferneamd hawwe. Madelief is no fiif jier en Jasmijn twa. Madelief huppelt al hearlik selsstannich oer de camping om as it moai waar is. Wat in bysûnder plak om grut te wurden!