Zoek op inhoud

Folgje

Clicks, views, likes, volgers en abonnees: op in trochsnee freedtemiddei fleane de Ingelske en Nederlânske turbotermen ús hjir om ’e earen. Simm (8) en Tomm (6) nimme dan faak wat freontsjes mei nei hûs om ús bisten te fersoargjen of binnen te boartsjen. Oan ’e ein fan ’e middei, as de Lego, de K’nex, de Transformers en de Pokémonkaarten de put derút hawwe en it deade punt fan in enerzjyfrettende skoalwike fol swimlessen en fuotbalpraktiken him sa’n bytsje oantsjinnet, dan meie de iPads it lêste oerke foar it jûnsiten noch even oan. Even rêst yn de tinte. Alhoewol, rêst…

Sûnder ek mar in sekonde fan de kostbere skermtiid te ferliezen, dûke de wisse mannen op de tablets fan Apple. Hast mei de eagen ticht fine dy lytse fingerkes al browsend en swipend ôfgryslik flot en fluch wat se sa graach sjen wolle: YouTube fansels. Der bestiet online in groep jonge jonges fan earne yn de tweintich en tritich dy’t bern oan harren YouTube-kanaal witte te binen as miggen op sjerp en mieren op huning. Chahid Charrak makket filmkes mei syn djoere goudene Lamborghini, Royalistiq kin alderferskuorrendst goed kompjûterspultsjes spylje en Don de Jong filmet foarôf betochte grapkes. Wat der no krekt oan is om te gnuven nei oare minsken dy’t yn snelle auto’s fan trije ton harren boadskippen dogge, dy’t tjirgjend efter de Nintendo sitte om Mario nei in poddestoel te stjoeren of dy’t in munt fan twa euro fêstlymje op ’e dyk en dan filmje wa’t dêryn trapet: ik folgje it net. Mar dy twa boefkes fan ús geane sels fuortendaliks út as de iPad oangiet. Unberikber binne se sa gau as de aventoeren fan harren YouTube-helden begjinne te spyljen.

By it jûnsiten fleane de sifers Bitoen en my om ’e earen. Simm: ‘Chahid heeft 326K abonnees heit, weet je wel dat K eigenlijk duizend betekent?’ Dat wit heit wol. Tomm: ‘En sommige video’s van Don hè heit, die worden gewoon 4 of 5 miljoen keer bekeken, wist je dat?’ Nee, dat wist heit krekt noch net. Us bern groeie hjoed-de-dei allegear op yn in digitale wrâld fan influencers en YouTubers. En sûnt ik foar myn wurk as sjobisferslachjouwer ek krekt in eigen YouTube-kanaal mei myn ynterviews mei bekende Nederlanners en in Instagram-account begûn bin, is moarns it earste wat myn jonges freegje hoefolle folgers heit hjoed op Instagram hat en hoefolle abonnees derby kaam binne op heit syn Youtube. Ik tink dat ik de jonges moarnier by de bôle wol fertelle kin dat heit der wer in pear folgers en abonnees by hat. Of hawwe jo gjin smartphone of tablet?

YouTube: Andries Jelle de Jong
Instagram: @andriesjelledejong

Boekresinsje: ‘Sipke sjocht stjerkes – Sipke ziet sterretjes’ troch Sieta de Vries

Boekresinsje ‘Sipke ziet sterretjes – Sipke sjocht stjerkes’ troch Marrit Tjalma

Wat hat dit lúkse Gouden Boekje in moaie foarkant! Je wurde gelyk nijsgjirrich nei it aventoer dat Sipke en syn pake dizze kear belibje sille, want wat docht pake no wer boppe op dy gouden bal, dy’t wol in hiel soad wei hat fan de sinne dy’t yn it Planetarium hinget…

Frysk yn ‘e klasse – CBS It Haskerfjild

‘Kom by ús op skoalle’, falt op in grut boerd te lêzen by CBS It Haskerfjild. In moai boadskip om bern harren wolkom fiele te litten op dizze basisskoalle op De Jouwer. Net gek, want hast al it personiel praat Frysk. Ien learkrêft springt der op it gebiet fan de Fryske taal dochs wol út: juf Sissy fan groep 1 en 2.

Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting

Se krije geregeld de fraach oft se harren swangerskippen miskien opinoar ôfstimd hawwe. Anne Kruisenga-Rohn (34) en Gerbrich van Baar-Rohn (32), opgroeid yn Arum, moatte dêr altyd om laitsje. ‘It is echt tafallich dat wy dit alles tagelyk belibje meie.

 

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2022 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine