Zoek op inhoud

Sjongsto mei my is in printeboek mei in boadskip. In boek dat binnen komt, hoop jout, minsken rekket en je oan it tinken set. Dat jildt foar bern, mar seker ek foar folwoeksenen.

Sjongsto mei my is in fertaling fan it Amerikaanske boek ‘Change Sings’ fan de jonge dichteresse Amanda Gorman. Amanda waard wrâldferneamd troch de foardracht fan har yndrukwekkende gedicht ‘The hill we climb’ by de ynauguraasje fan presidint Joe Biden. Mei dit printeboek wol se har boadskip en dream ek oerbringe op bern. Der sit in protte ritme yn it ferhaal, dat ritme hat Michelle Samba feilleas oernaam yn de Fryske fertaling. De kleurrike platen fan Loren Long soargje derfoar dat bern yn it ferhaal meisûge wurde.

It boek giet oer in jong Amerikaansk famke dat op in dei foar in fleurige muorreskildering fan Martin Luther King stiet. Fanôf dat momint nimt it famke ús mei op in muzikale reis om har eigen dream wier te meitsjen. Se wol de wrâld moaier meitsje troch har eigen kracht yn te setten. Mei in freon en har gitaar giet se op ’en paad om minsken derfan te oertsjûgjen om meielkoar muzyk te meitsjen. Op dy reis makket se de wrâld in bytsje moaier troch minsken en de natuer te helpen, dêrby is muzyk hieltyd de binende faktor. Muzyk bringt frijheid en bringt minsken byelkoar. De reis is net maklik, mar úteinlik slagget it har wol om de wrâld in bytsje moaier te meitsjen. Dat belangrike momint foar harren takomst lizze de bern fêst yn in kleurrike muorreskildering.

In hoopfol ferhaal, mei in ynspirearjend en leafdefol boadskip. Amanda Gorman ropt dêrmei alle bern op om har eigen kracht te brûken om in lyts of grut ferskil te meitsjen foar de wrâld, mar foaral ek om it ferskil te meitsjen foar harsels.

It boek snijt tema’s oan lykas: diversiteit, ynklusiviteit, feroaring en it wiermeitsjen fan dreamen. Dêrmei is it ek tige geskikt om yn te setten op skoalle, benammen yn de hegere klassen. It ferhaal noadiget bern út om nei te tinken oer hoop, dreamen, feroaringen en de ideale wrâld. Want mei in lytse feroaring kin elkenien in grut ferskil meitsje!

“Ik jou myn ljocht oan eltse dei, want der is leafde op myn wei. Ik toan oaren tolerânsje al freget dat soms moed, ik sljochtsje alle grinzen, bou brêgen op nei hjoed.”

Wytske Jongbloed


It boek ‘Sjongsto mei my’ is foar € 15,- hjir online te bestellen.

-> Wytske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.