Hero is skreaun troch Martha Attema, yn it Frysk oersetten troch Martsje de Jong
Izaak wurdt yn de Twadde Wrâldkriich nei Fryslân ta stjoerd om’t it te gefaarlik foar him wurdt yn Amsterdam. Nei in spannende reis op ’e fyts komt er oan yn in frjemde omjouwing en by frjemde minsken. Izaak went gau, ek om’t er freonskip slút mei Hero, de grutte swarte hynst. De Dútsers wolle Hero lykwols meinimme, mar troch tûk tinken is it Izaak dy’t dat wit te foarkommen. Tsjin de ein fan ’e oarloch liket alles dochs noch te mislearjen as de Dútsers ûnferwachts it hiem opride. Kin er Hero opnij rêde?
It ferhaal wurdt ferteld út it eachpunt fan Izaak, in achtjierrich jonkje. Fielst de spanning dy’t hy fielt, de eangst foar de Dútsers, mar ek hoe grutsk as er is op Hero. Komst al gau goed yn it ferhaal, want der bart fuortendaliks wat spannends! En hoewol’t it spannend is, is it ferhaal net yngewikkeld. De Twadde Wrâldkriich kin best in dreech ûnderwerp wêze, mar troch de ienfâld en de gong dy’t yn it ferhaal sit, lêst it boek net swier. De ynformaasje oer hoe’t it der om en ta gie yn de oarloch wurdt meast op in natuerlike manier yn it ferhaal ferweve. De iennichste hapering dêryn sit yn de útlis fan de giele stjer, dy komt wat opdien oer.
It boek is twatalich: de earste helte fan it boek fertelt it ferhaal yn it Frysk, de twadde helte fertelt itselde ferhaal yn it Ingelsk. Ast ien fan beide talen net hielendal machtich bist, kinst yn de oare helte fan it boek efkes spike wat it betsjut. Beide talen binne moai fanelkoar skieden troch ferskillende kleuren papier.
De Ingelske ferzje lêst lekker fuort, ek ast wat minder betûft bist yn it Ingelsk. It gebrûk fan de wurden Mama en Papa fûn ik wat nuver lêzen, al is it wol korrekt. Komst lykwols ek hiele aardige wurden tsjin, lykas ‘skedaddle’. Ek de Fryske ferzje is noflik om te lêzen. It is in moaie oersetting yn flot en modern Frysk.
It boek is frij koart. It ferhaal telt sa’n 65 bledsiden en is yn in pear oerkes út te lêzen. Dêrtroch is it sawol foar de jeugd as foar folwoeksenen dy’t net te lang yn in boek omhingjen bliuwe wolle in prachtich en spannend boek.
Corrie Kamminga
Tekstskriuwer en mem fan trije pubers
‘Hero’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.
-> Corrie is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.