Zoek op inhoud

Doe’t ik ‘Karlsson fan it dak’ lies, krige ik fuortendaliks it Astrid Lindgren-gefoel. Wat dat is, kin ik net hielendal yn wurden fange, mar se kin bern sa delsette datst it ferhaal fanút de haadpersoan meibelibbest. Doe’t ik in stikje foarlies oan myn soan fan njoggen, siet ek hy fuortendaliks yn it ferhaal. Wat dat oanbelanget, kompliminten foar de oersetting troch Martsje de Jong.

It ferhaal kin foarlêzen wurde oan bern fanôf in jier as 6. Sels lêze kin fanôf in jier as 8. Wol steane der hjir en dêr wat Fryske wurden yn dy’t bern net alle dagen brûke, lykas ‘stúmje’ en ‘justjes’. Mar yn de kontekst kin dat prima; bern witte daliks wat dermei bedoeld wurdt. It is, ek by foarlêzen, in prachtige oanfolling foar de Fryske wurdskat fan bern. En ik tink ek dat de wurden rjocht dogge oan de sfear yn it ferhaal. 

It ûnderskied tusken opskeppen en de wierheid troch de eagen fan Karlsson binne goed troch bern te herkennen; sy trochsjogge de sitewaasje (‘de streek’) al goed, wylst Erik yn ’t earst alles leaut wat Karlsson tsjin him seit. Dat soarget derfoar dat se hielendal yn it ferhaal sitte. Fansels is de iene streek de oare net en sille de lêzers/tahearders wikseljend tinke oer wat Karlsson no wer dien hat. Mar it moaie fan dit boek is datst dy yn sa’n gefal mei Erik identifisearje kinst. En dan is de sirkel by my wer rûn, want Lindgren set Erik del as in jonge dy’t ek by dy yn de klasse sitte of by dy yn de strjitte wenje kin. In jonge dy’t graach ien hawwe wol dêr’t er him oan spegelje kin. It leafst in hûn, mar Karlsson is in hiele goede twadde. Ien dy’t him hielendal begrypt, dêr’t de tiid flugger troch giet, dy’t him sjocht.

It moaie fan dit boek is datst dy yn sa’n gefal mei Erik identifisearje kinst.

 

It spegeljen oan dysels, it identifisearjen mei de haadpersoan, of foar folwoeksenen it spegeljen oan it bern yn dysels, dat is miskien wol it Astrid Lindgren-gefoel. Se wit hoe’t it is om bern te wêzen. En just dát is tink ik wêrom’t har ferhalen tiidleas bliuwe.

 

Antje van Schepen út Easterein

It boek ‘Karlsson fan it dak’ is foar € 13,50 hjir online te bestellen.

-> Antje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.