Zoek op inhoud

Boekresinsje ‘Sake ûntdekt in wûndereilân’ troch Jesper en Grietje

Gelyk doe’t wy it boek binnen krigen wiene wy ynteressearre en binne wy begûn mei lêzen. Us Jesper wie troch de pakkende titel fuort nijsgjirrich nei wat der barre soe en ek de foarplaat spruts him daliks oan troch de kleuren en prachtige tekening. Ek yn it boek sels steane prachtige tekeningen. It boek is skreaun troch Tjitske van der Wal fan Tjitsfloch.

It is noch te lestich foar Jesper fan 6 om it boek sels te lêzen yn it Frysk. Dêrom hawwe wy it tegearre lêzen. De wurden wiene somtiden noch wol wat dreech mar mei wat útlis fan heit of mem koe Jesper it wol allegear begripe.

Yn it boek wurde earst alle haadpersoanen beskreaun en dan kin it ferhaal begjinne.
Sake belibbet yn it boek in moai aventoer mei syn freon RJ en syn suske Yldou. Dit aventoer hawwe se mei in soad fantasy sels betocht. Se mochten de flochkamera fan mem Tjits brûke om harren aventoer fêst te lizzen. It boek lit sjen dat as je je ferfele, je mei je eigen fantasy noch hiele moaie dingen belibje kinne. Je kinne fan in “boat-sânbak” in echte boat meitsje en lekker fantasearje sadat je sels in moai ferhaal of aventoer belibje.

De freonen en Yldou meitsje in moaie seereis dêr’t sy in protte op belibje en tsjinkomme, sa as in meunster en in wûndereilân.

Bist nijsgjirrich wurden nei de aventoeren van Sake, RJ en Yldou? Lês dan gau dit boek. Resinsje skreaun troch Jesper (6) en Grietje út Minnertsgea.

-> Grietje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Sake ûntdekt in wûndereilân

Sake ûntdekt in wûndereilân is it debút fan kreative tûzenpoat Tjits van der Wal, bekend fan Tjitsfloch dat sûnt 2020 útstjoerd wurdt troch Omrop Fryslân.

Boekresinsje fan Tineke: ‘Klút & Mients ûntdekke eb en floed’

Een prachtig en informatief leesboek. Op speelse wijze, uitgebeeld met de twee vogels Klút en Mients, leren de kinderen van alles over het leven in en rondom de Waddenzee.

Boekresinsje fan Wietske: Ik wol in bosk op ’e jierdei

Voor mij ligt een vrolijk gekleurd boek met een titel waar onze kinderen gelijk nieuwsgierig van worden. “Een bos op je verjaardag? Hoe kan dat nou? Mem, dat kan toch niet echt?” zegt de jongste. De middelste heeft er wel een idee bij: “Misschien kun je wel een boom planten, mem.” Mooi om alleen naar aanleiding van de voorkant al met elkaar in gesprek te zijn.

Lêstip fan Keimpe oktober: Pippi Langkous (Frysk)

Yn oktober is it wer Kinderboekenweek en dit jier is it tema ‘Lekker eigenwijs!’. En wa is no it meast eigenwize famke yn de berneboekewrâld? Pippi fansels! Dêrom is de Fryske Pippi dizze moanne de Lêstip fan Keimpe!


Boekresinsje fan Annika: ‘Dingeman krijt wjukken’

It ferhaal giet oer Dingeman, in jonge dy’t tegearre mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd wennet. Syn mem hat allinne oandacht foar har rike freonen en regelet allegearre ferfelende oppassen foar Dingeman. Op in dei kriget Dingeman in spannende útnûging foar in boerefakânsjekamp mei oppaspaken en foarlêsbeppen. Dat liket Dingeman wol wat! Hy hellet syn mem oer om him dêr in wike hinne gean te litten.