Zoek op inhoud

ik wol in bosk ope jierdei

Boekresinsje: Ik wol in bosk op ’e jierdei

Foar ús leit it prachtige printeboek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’. It boek is ynspirearre op it kuierjende Bosk, in projekt fan Arcadia dat yn de simmer fan 2022 yn de binnenstêd fan Ljouwert plakfûn hat. Ik lês it boek foar oan Else (4) en Marij (7).  

It boek giet oer Simke. Simke is hast jierdei en freget har heit om in beam op ’e jierdei. De juf en master en alle bern fan skoalle sizze dat dat net kin ast gjin tún hast. Dat sille wy noch wolris sjen, tinkt Simke. Ek Simke har heit tinkt nei oer hoe’t er oan de winsk fan Simke foldwaan kin. Hy stelt Simke foar om in beam op har sliepkeamerdoar te skilderjen of har jierdei yn it bosk te fieren. Mar Simke wol graach in echte beam foar it rút.

Simke kin der net fan sliepe. Troch it rút knypeaget de moanne nei Simke. Simke docht in winsk en se skriuwt in brief oan de boargemaster. As Simke wekker wurdt is it bûten stiller as oars. Dreamt se noch? Simke en har heit dogge de gerdinen iepen. Dan sjogge se dat der in bosk stiet! De hiele strjitte is grien. Simke har winsk is útkommen. 

‘Ast net wekker leist fan dyn dreamen, dan binne se net grut genôch’.

By it iepenslaan fan it boek is yn trije talen in pakkende spreuk te lêzen: ‘Ast net wekker leist fan dyn dreamen, dan binne se net grut genôch’. It boek jout romte om fierder te praten oer dreamen, winsken en de natoer. It boek is yllustrearre mei moaie tekeningen yn frisse kleuren dy’t goed oanslute by it ferhaal en de emoasjes dy’t it ferhaal oproppe troch de winsk fan Simke, de magy en de ferbining dy’t it bosk jout yn de strjitte fan Simke.  

Else koe net genôch krije fan it ferhaal, we lêze it boek elke jûn wer opnij. Mar ek Marij hat mei wille meilústere. Koartom tige oan te rieden! Seker ek leuk foar minsken dy’t eartiids it projekt fan it kuierjende bosk besocht hawwe. Wat ús oangiet in plaatsje yn de boekekast!   

Hilde van Kalsbeek, mem fan Marij en Else út Warkum. 

Hilde is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurde, foto’s fan bern en bisten, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine
cover