Boekresinsje ‘De wurdskat’ troch Antje
It printeboek ‘De wurdskat’ is in skat op himsels. It begjint al op it kaft en ast it boek iepenslachst, sjochst alderhande nijsgjirrige Fryske wurden. Dat jout fuort ek de sfear oan dy’t yn it hiele boek te fielen is: boartlik, licht, fleurich. Ast fierder blêdest, sjochst mei-ien wichtige ynformaasje oer de skriuwers/yllustrators: ien hâldt derfan om mei de holle yn de wolken te rinnen en de oare hâldt derfan om it seil te hisen. Bûtenminsken dy’t tagelyk grafysk goed ûnderlein binne. En dat is ek hoe’t it boek ynelkoar stekt. Ferbylding en betsjoening kombinearre mei soks as in wurd. Want wurden ferbyldzje en jouwe dy in bepaald gefoel.
‘De wurdskat’ is in printeboek foar de groepen 3 o/m 6. It boek noadet echt út om der mear mei te dwaan as allinnich lêze. De lesbrief, te downloaden fia de QR-koade efter yn it boek, jout suggestjes en ynspiraasjemooglikheden om te wurkjen oan leardoelen op it mêd fan taalfeardichheden, taalbewustwêzen en taalbeskôging. Kinst it boek fanút ferskillende ynfalshoeken benaderje en de leardoelen floeie ek moai ynelkoar oer. It boek en de lesbrief jouwe mooglikheden om te differinsjearjen op taalnivo. It lient him ek goed foar soks as in filosofysk gesprek oer taal. Mar boppe-al is it in boek mei in moai ferhaal en lêsbelibbing.
It ferhaal giet oer Oskar, in jonge dy’t graach skatgraaft. Hy fynt in skatkiste mei alderhande wurden. Hy smyt se earst fuort en dan bart der fansels fan alles yn syn omjouwing, júst troch dy wurden. It foarspellende karakter datst mei de bern besprekke kinst foardatst de bledside omslachst, is yn dit boek hiel sterk. ‘Wat soe der no aanst barre? Hoe sjocht it der aanst út?’ Mar ek: ‘Wat soe dit wurd betsjutte?’ Ek foar myn groep 3-4 fan de Sint Martinusskoalle yn Makkum wienen dat moaie fragen. Soms foarspelber, mar ek ferrassend. Troch Lize komt Oskar derefter datst sels wurden meitsje kinst, datst dy liede litte kinst troch sintugen en gefoelens dêrby te brûken. Lize leart him datst mei wurden de wrâld yn bloei sette kinst. ‘Ast se ienkear útsprekst, hawwe wurden in magyske kracht. Dus gean der foarsichtich mei om’, seit se tsjin Oskar.
Moai ek hoe’t it ferhaal boartlik opboud is nei de kearngedachte ta: ‘taal hat krêft – en in grutte macht.’ En ast it boek yn etappes oanbiedst en mei de bern de ferwurkingen deroan fêstkeppelest, dan kinne de bern dat ek ûnderfine. Hieltyd mear leare se oer de krêft en de mooglikheden fan wurden en ek dat se sels wurden meitsje kinne. Lêzendewei en wurkjendewei hawwe de bern út myn groep dwaande west mei taalbewustwêzen en taalbelibbing; se hawwe de stikelbaarch út it ferhaal in eigen kleur jûn en dy kleur waard wer in wurd. Tink oan in apelgriene of Ajaxreade stikelbaarch. Fierder hawwe se bûtendoar oan ’e hân fan harren sintugen wurden socht en opskreaun of tekene.

Ik ha ôfsluten mei de wurdkaartsjes foar elkoar út de lesbrief, basearre op wat Lize seit: ‘… kinst ûnferwachts ek samar in wurd fan ien kado krije.’ Op de kaartsjes skreaunen de bern in moai wurd op foar in klasgenoat. In moaie aktiviteit ek yn de saneamde Gouden Weken. Want wurden hawwe krêft, mar mei moaie wurden foar elkoar ‘kinst de wrâld yn bloei sette!’
Antje van Schepen

De wurdskat
Oskar fynt by it skatgraven in grutte kiste. Hy makket de kiste iepen, mar dan blykt dat der allinne mar wurden yn sitte. Oskar is bot teloarsteld, oant er de kracht fan wurden ûntdekt.
Boekresinsje ‘De geheime doar’ troch Hilda
Auteur Lida Dykstra stiet eins wol garant foar in kwalitatyf goed boek dat dy as lêzer meinimt yn it aventoer. En dat jildt seker ek by har nije boek ‘De geheime doar’. Dêryn steane ferskate koarte ferhalen dy’t hieltyd wer pakkend binne. Dêrtroch kinst it moai flot trochlêze. En meast by ien ferhaal net ophâlde.