De titel fan it boek is ien fan de ferhalen dy’t yn it boek stean.
It Spûkskip is in boek mei allegear koarte ferhalen. De ferhalen binne elk wer hiel oars fan tema en dat makket dit boek sa leuk. Leuk om te lêzen, mar ek leuk om foar te lêzen. It boek is geskikt foar de trije heechste groepen fan de basisskoalle.
Ik ha sels inkelde ferhalen foarlêzen en ik ha guon learlingen ek frege om ris in ferhaal te lêzen. De ferhalen ‘Net ien wol neist my sitte’, ‘Ekstra skoaldei’, ‘Timur syn skoalreis’ en ‘It J-feest’ foelen hiel goed yn ’e smaak by de skoalbern. De ûnderwerpen fan dy ferhalen passe goed by de leeftiid fan de bern yn de heechste groepen.
Der steane ek skiednisferhalen yn it boek; in moaie ôfwikseling mei de ferhalen fan no.
Dêrneist fyn ik it ek goed dat der wat ferhalen tusken steane mei ‘swierdere ûnderwerpen’. Underwerpen dêr’t de bern oer neitinke moatte, ûnderwerpen dy’t oangripend binne en dêr’t net hiel maklik oer praat wurdt; in boadskip.
Koartom: in boek mei ferskate ferhalen, geskikt foar bern út de heechste groepen fan de basisskoalle. Foar elk is der wol in ferhaal dat oansprekt.
Troch Wieke Hoekstra-Ferwerda út Ternaard
It boek ‘It Spûkskip’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.
-> Wieke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.