Zoek op inhoud

Altyd berikber

Je ûntkomme der net mear oan: aktyf bliuwe op de mobile telefoan. Alle ynformaasje giet fia dat ding en alles wurdt besprutsen en ôfpraat fia alderhande groepsapps. Wat in prikkels krije je kontinu binnen. 

No fyn ik sels dat ik dat noch wol filterje en op tiid stopje kin, mar foar bern fyn ik it net altyd goed. Us soan Brend is no 12 jier en it is in fijne knul dy’t winterdeis in soad op it fuotbalfjild te finen is mei syn freonen en simmerdeis oan fierljeppen docht. Genoch bûten, dêr leit it net oan, mar sa gau as dy jonges binnen komme, liket it wol oft in skerm it ienige is wat telt. Tablet, game op de spulkompjûter en ûndertusken mei elkenien snapchatte. As de ôfsprutsen tiid foarby is, begjinne se spultsjes te dwaan op de mobyl. In soad wurden binne der al fallen; Brend kin my somtiden wol sjitte.

‘Heit sit dochs ek in soad op syn mobyl.’ Ik kin him gjin ûngelyk jaan, want ik moat dochs myn mail byhâlde, witte wannear’t ik ride moat by fuotbal en hoe let Fetsje thúskomt mei iten. Ik moat berikber bliuwe foar kollega’s dy’t harren siik melde kinne, ferfanging regelje sadat de klassen draaien bliuwe. En Brends suske is oan it boartsjen by in freondintsje: hoe let soe ik har ek alwer ophelje? Ik ha gjin keus!

Doe’t Brend ein groep 7 al in mobyltsje krige, wie ik dêr eins op tsjin. ‘No al? Wat in ûnsin, at se sa’n ding net hawwe, witte se ek net wat se misse.’ Al binne der mominten dat it ek wol wer goed útkomme kin… As ik op in kear oankom op it wurk, ûntdek ik dat ik myn tas ferjitten ha. Dêr kin ik net sûnder en al append oerlis ik mei in kollega út Warkum. Hy kin myn tas noch wol by my thús ophelje. Fluch Fetsje belje dat de tas ophelle wurdt en dat de doarbel aanst giet. Mar yn ’e iere moarn nimt Fetsje net op, se stiet fêst yn ’e badkeamer. Ik besykje it in pear kear, mar gjin antwurd. Ik sjoch dat se ek net online west hat. Ynienen betink ik my: Brend! Altyd berikber en ja, Brend nimt fuortendaliks op. ‘Heit? Bellet heit my?’ Ik fertel it ferhaal en Brend regelt dat de tas klearstiet. Geweldich. As lêste seit er laitsjend: ‘Heit, dochs wol handich dat ik in mobyl ha, hè?’

Johannes Haanstra

Johannes Haanstra is dosint en teamlieder spesjaal ûnderwiis, fierljepkommentator en heit fan Brend (12), Alant (10) en Mered (8).

Altyd berikber

Je ûntkomme der net mear oan: aktyf bliuwe op de mobile telefoan. Alle ynformaasje giet fia dat ding en alles wurdt besprutsen en ôfpraat fia alderhande groepsapps. Wat in prikkels krije je kontinu binnen. 

Grutte bak

Op it spesjaal basisûnderwiis binne wy in soad dwaande mei gedrach. Hoe geane je meielkoar om? Wy wurkje mei de Kanjertraining, in metoade foar fertrouwen, feilichheid, frede en wjersidich respekt. In diel dêrfan is ús time-out proseduere. Wannear’t dat noadich is, dan korrizjearret de learaar earst it gedrach en jout oan hokker gedrach winsklik is.  

Hoe wordt je kind zielsgelukkig?

De positieve kenmerken van hoogsensitiviteit

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #3

Yn dit nûmer giet it oer fjouwer generaasjes fan it selde geslacht, in prachtige bernekeamer, machtige foto’s fan bern dy’t wat útfretten ha, moaie boeketips, in artikel oer angst foar de befalling, Willeke Dikland oer hoe’t it is om al betiid yn de oergong te sitten en in artikel oer bern dy’t net goed sliepe kinne.

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine