De resinsje fan Bettine: Adam en syn tuba
Alle famylje fan Adam hawwe harren rol yn it famyljesirkus Merakel, allinne Adam net. De famylje probearet fan alles en lit him alles probearje, mar neat slagget. Dan heare se moaie lûden en fine Adam spyljend op syn tuba. Hy spile sa moai en knap dat de hiele famylje Meraker der stil fan waard, dit moat in plak krije yn de foarstellings. No at ek Adam syn plakje fûn hat yn’e sirkustinte is it publyk noch entûsjaster as earder.
In ferhaal oer it finen fan dysels en it folgjen fan dyn hert.
Ús fammen fan trije en seis ha genoaten fan it magyske famylje ferhaal fan Adam en syn tuba. It boek hat prachtige yllustraasjes dy’t it ferhaal ûnderstypje en dy meinimme nei de wûndere wrâld fan it reizgjende sirkus. De platen sprekke ta ferbylding en bin ferhalen ansich, foar de jongste wie it ferhaal somtiden wat te lang en hawwe wy in diel fan de tekst fuortlitten en tegearre sjoen nei de platen en fanút dêr it ferhaal besprutsen.

It ferhaal is skreaun foar bern fan 4 jier ôf en hat 28 siden. No mei de Berneboekewike yn it sicht en de lês mar foar-wiken dy’t noch barre haw ik it boek ek yn’e klasse brûkt. De bern wiene sljocht op it ferhaal, wy ha it ferhaal lêzen en derneist de ferskate artysten fan it sirkus útljochte en besprutsen. Wolst dus noch in moai Frysk boek brûke by de Berneboekewike (tema Spot aan) dan is dit boek hiel geskikt om te brûken yn de klasse. Sels soe ik it boek brûke kinne by groep twa oant fjouwer.
Bettine Boonstra
Muzyk foar de berte
Mei in mem dy’t yn in brassband spilet en in heit dy’t dirigint is en slachwurker by de marechaussee, en dy’t boppedat ek graach pianospilet, kin lytse Jesse der net omhinne: muzyk heart by syn libben. It wie al yn Jesse syn earste libbensoere dat Ido (33) in pianostik fan Jennifer Lin foar him spile. Jesse Ids is no sân moanne âld en rôlet himsels om yn ’e boks as syn heit dat stik wer spilet. Hy werkent it grif! Of soenen heit en mem dat graach leauwe wolle?
Resinsje fan Maaike: Tys & Teske foarlêsboek
Oan it ein fan de simmer falt der in nij boek op de matte. It is it boek fan Tys en Teske. By Jurjen al wol bekend fan de berne-opfang. “Tys, Tys!” ropt hy fuortendaliks at we it papier om it boek weihelje. Op de foarkant fan it boek sitte Tys en Teske yn in selsboud fleantúch, wat ek wol op goedkar rekkenje kin fan ús Jurjen.
De bern fan Mantgum: Minke
Minke wennet mei har heit, mem en broerke Jitse yn in hûs oan de Mantgumerfeart. Noch eefkes dan, want se sille ynkoarten in healjier op ’e camping yn Koudum wenje. Gewoan, om’t it sa’n moai aventoer is. Minke hat der no al sin oan om hiel faak fan de grutte glydsbaan te gean. Se hat in leuk libben, fynt se sels. In drok libben ek, mei in soad hobbys en sport. Twa kear yn ’e wike shorttrack, hurddrave, keatse, gitaarspylje… En dan docht se dit jier ek noch mei oan it Berneiepenloftspul.