Zoek op inhoud

Der wurdt tsjintwurdich lang safolle net mear bûten boarte as eartiids. It sosjale libben fan bern (mar miskien ek wol dat fan de heiten en memmen?) hat him ferpleatst nei binnen. Skermen lizze kontinu foar it gripen. Tiid om dêr feroaring yn te bringen, fynt Reina Reekers-de Boer fan Groeiromte yn Wâldsein.

‘Bûten falt it te learen’, fynt Reina. ‘Lekker yn ’e drek omspane, dat is net allinne goed foar de holle, mar ek foar de motoryk fan in bern.’ Mar fyn se noch mar ris, bern dy’t alle dagen bûten boartsje. Reina biedt dêr op har eigen hiem romte oan, mei in belevingspad en speelochtenden foar bern én harren âlden. ‘Dyn bern kinne dy safolle sjen litte ast se folgest yn harren gedrach, yn plak fan foar te kôgjen wat se dwaan moatte. Jou en haw fertrouwen yn it jonge bern.’

Neist romte om te boartsjen biedt Reina ek workshops oan foar ûnderwiis- en opfangmeiwurkers. ‘Faak hoech ik allinne mar harren eagen op ’e nij te iepenjen, of fan gedachten te wikseljen’, seit Reina. ‘De kreativiteit is der meastal wol, mar de romte om dêr wat mei te dwaan ûntbrekt gau troch alles wat “moat” yn it ûnderwiis.’ Reina kin it witte, want jierrenlang wie se sels learkrêft. Oant se it beslút naam om har frije tinken en wurkjen om te setten yn in eigen bedriuw, Groeiromte.

Har gedachtegong is ynspirearjend. ‘Op skoalle moatte bern in hiel soad, en bûten skoalle wurde se entertaind yn dizze moderne tiid. Ik soe sa graach sjen dat it bern sels wer wat mear inisjatyf nimt en wat útfynt, want dat soarte minsken ha we yn ’e takomst ek nedich. Minsken dy’t kommunikatyf feardich binne en in kreatyf tinkfermogen hawwe, en fleksibel wêze kinne yn de feroarjende wrâld fan no. Dêr moatst as jong bern al mei begjinne, want hoe âlder ast wurdst, hoe dreger dat wurdt. Lear se datst dysels fermeitsje kinst mei in takje en wat sân, gean dy bûtenwrâld yn. Dat is de echte wrâld. Mei de learzen troch de drek. Ek foar it lichem is dat goed, om sterk te wurden en de spieren te ûntwikkeljen. Mar foaral it ûntdekken wat materialen mei dy dogge. Hoe fielt in takke? Hoe swier is in stien? Troch meardere sintugen tagelyk te brûken, wurdt it ûnthâld better, en kinne se dat kreative tinkfermogen makliker ynsette by yngewikkelde dingen foar letter.’

‘Eins lit in bern it sels al sjen as poppe, as it it boarst siket’, ferfolget Reina. ‘Dat sit der fan natuere yn. Neffens my moatte wy by dat ynstinkt oanslute. Wy rinne as folwoeksene wolris fêst yn it systeem, wat der “neffens it boekje” moat. Mar neffens my komt it bern der sels wol. “Handen op je rug en het kind volgen”. Dêr ek nijsgjirrich nei wêze, en dyn eigen skerm ek oan ’e kant lizze. It bern sjocht mei in oare blik nei de wrâld. Dêr kinne we in soad fan leare.’

Wat kinst as âlders sels al dwaan om dyn bern achter it skerm wei en mear oan it boartsjen te krijen, binnen of bûten? De tips fan Reina:

  • Helje in pak makaroany of rys út in keukenkastke en strui dat út op in dynblêd. Sjoch wat it bern dermei docht. Slokke se wat troch by it boartsjen? Dan is dat feilich, om’t it ytber is.
  • Rjochtsje ek in kast yn mei guod dat foarhannen is foar bern: bekers, bestek. Bûten docht dat guod it ek goed, bygelyks troch dat te kombinearjen mei sân.
  • Gean mei dyn bern nei in kringloopwinkel en lit se foar in pear euro wat útsykje. Silst sjen dat se de wrâld te ryk binne. Servys om mei te boartsjen út it foarige punt is dêr ek te heljen 😉
  • Sân, wetter, bakjes en in amer; altyd in sukses bûten en einleas ynteressant.
  • Hingje de wask tegearre op. Lit se útfine hoe’t in kniper wurket. Net te krekt sjen dat it net rjocht komt te hingjen! Meitsje fan húshâldlike putsjes in noflik en boartlik momintsje tegearre.

Boartsje dyn bern noch bûten?

Petra – Eins hast alle dagen wol! Waar as gjin waar. Lucas giet derút. Moai mei syn kranen en frachtweinen gatten meitsje. En alle middeis in slach om te stappen. Eefkes by de trein sjen en dan noch nei de boarterstún en de knyntsjes fan buorman dachsizze. En ûnderweis oeral op en ôf klauterje.

Jelly-Greta – Wy ha der bewust by stilstien. At wy bûtenbern ha wolle, moatte wy al betiid nei bûten! Fan dy moaie bûtenpakken oan en lekker bûten omkrûpe. No binne se 1,5 en 3,5 en wolle se elke dei wol nei bûten!

Jooke – Elke dei! Waar as gjin waar. Hearlik! En yn ’e simmer wannear’t de trekkers moarns betiid foarbyride, stean se it leafst om 7 oere yn it lân. Ik kin dan mar opsjitte mei bôlesmarren, want dat opiten kin fansels dêr ek wol!

Griet – Us bern foarhinne wol, mar wy wenje yn in doarp… Se giene nei bûten en troffen altyd bern. Us bernsbern wenje yn in stêd en moatte earst ôfprate mei wa’t se boartsje wolle.

Karin – Waar as gjin waar, der moat bûten boarte wurde, yn syn ‘wurkbroek’ sa’t er sels seit, ús nije Freek Vonk.

Jelske – Sa gau’t ik de achterdoar iepenset, fleane de bern nei bûten.

Tiete – Myn 3 jonges wienen ek altyd bûten oan it boartsjen. Myn beppesizzer Marrit is ek altyd bûten en de sânbult is op ’t heden it moaiste…

Elina – Elke dei!

Doety – Us bern binne elke dei bûten. Dat dogge se út harsels. Efkes by it fee lâns en dêrnei boartsje. By rein boartsje se yn ’e loads. Ik moat se faak binnen roppe foar wat drinken en iten.

Tine – Us bern binne ek altyd bûten. Dogge en wolle se sels! Hoe fizer, hoe better haha!

Minke – Hearlik bûten boartsje!

Marjanke – Ik ha 1 bûtenbern en 1 binnenbern

Tekst: Thea van der Schaaf

Boekresinsje ‘De bûseskatten fan Poike’ troch Thominde

De titel van dit boek past heel goed bij mijn dochter van 6 jaar en zoontje van 4 jaar. Elke dag uit school kijk ik hun tassen en hun jassen na, om bijzondere schatten te ontdekken. Van meelwormen (voor de schoolkippen) tot diamantjes  die op de grond van het schoolplein lagen en van klei  (wat lekker vastgekleefd zit in de jas) tot steentjes die ze als ‘maansteen’ bestempelen. Elke dag is weer een feest wat ze hebben verzameld. Dus toen ik een recensie mocht schrijven over dit boek, wist ik dat dit een voltreffer zou zijn bij de kinderen.

In oade oan it bosk

Linda de Haan fertelt oer har nije boek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’, dêr’t tagelyk ek in Nederlânsktalige ferzje fan ferskynde: ‘Ik wil een bos voor mijn verjaardag’.

Help, in traktaasje!

Ast as skoalle of as âlder wurkje wolst oan de sûnens fan de bern, wat dochst dan mei al dy traktaasjes dy’t jierliks foarbykomme op skoalle? Chips, muffins, soeskes, koeken, sûkelarje en sa no en dan in stikje komkommer of woarst. Fan alles komt foarby. It falt as âlder ek net altyd ta om wat sûns én lekkers te betinken. En dêrneist moat it der hjoed-de-dei ek altyd mar moai útsjen. Hoe giet dat eins by jim op skoalle? Wy fregen it oan jim fia ús socials.

De resinsje fan Amanda: Jelle en Juf

Jelle is in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje.
Mei in protte fantasy, dat wol.
Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei…

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2026 #1

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
In prachtich fergees tydskrift fol ynspiraasje, ferhalen en tips foar alle heiten, memmen en oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.

Yn dit nûmer:

❄️ In poster mei de fjouwer seizoenen om út te knippen en op te hingjen
👧🧒 In moeting mei de bern fan Mantgum en harren grutte dreamen
🎨 In bysûnder ferhaal oer synestesy: as sifers, wurden en muzyk kleuren hawwe
💞 Bonusâlders fertelle oer harren plak yn in gearstald gesin
📚 In earste aventoer fan de nije pjuttefreontsjes Tys & Teske
🚜 In blik yn in twatalige berne-opfang dêr’t boartsjen, bewegen en Frysk sintraal steane
🌿 Wêrom bûten boartsjen sa wichtich is foar de ûntwikkeling fan bern
👨‍🍼 In unike swangerskipskursus spesjaal foar oansteande heiten: Fan Bar- oant Baarkruk
👶 De moaiste bernepraatsjes dy’t dy grif laitsje litte
🍼 Alwer in Fries: in fotosearje mei nijberne poppen út Fryslân
👵 In moaie fotoreportaazje fan bern mei harren leave beppe
📵 Opfiede sûnder skermen
👨‍👩‍👧 Wannear ast ien bern krigen hast…
❤️ It yndrukwekkende ferhaal fan Bastiaan en syn soan Julian, dy’t deselde niersykte hawwe
✂️ Hoe ast moaie hertsjeslingers nifelje kinst!
💙 Oer Thys dy’t ferneamd is nei pake Thys
📖 De moaiste Fryske berneboeken

In tydskrift fol Fryske ferhalen, werkenning, humor en ynspiraasje foar it hiele gesin. En it moaiste? It is hielendal fergees! 💛

Bekijk magazine