Zoek op inhoud

Ferneamd: Thijs en Thijs

Thijs is 9 jier en wennet mei syn heit, mem en suske yn Droegeham. Hy is ferneamd nei syn pake, dy’t ek Thijs hjit. Mar dat wist pake sels earst noch net.

Namme pake: Thijs Hoekstra

Berne op: 14/11/1962

Wennet yn: Surhústerfean

Namme pakesizzer: Thijs Hoekstra

Berne op: 07/09/2016

Wennet yn: Droegeham

Betsjutting: Geskink fan God

‘Nei de berte krige ik in telefoantsje dat ik pake wurden wie’, fertelt pake Thijs. ‘Ik siet op dat stuit op ’e feemerk yn Ljouwert. Doe waard my ek ferteld dat er Thijs hjitte soe. Dat fûn ik hiel bysûnder.’

Pake wie troch alles hinne. ‘Hy is fuort nei it sikehûs ta raced’, fertelt Jolanda, skoandochter en de mem fan Thijs, laitsjend. ‘Hy hie syn overal noch oan. Yn de hal fan it sikehûs hat er him doe earst noch gau omklaaid. We hawwe it dêr noch wolris oer.’

Yn de famylje hat ferneamen eins altyd hiel gewoan west. ‘We hawwe der net sa lang oer neitocht’, fertelt Jolanda. ‘It fielde fanselssprekkend. We wisten ek net oft it in jonkje of in famke wurde soe, mar yn beide gefallen woenen we ferneame.’

Foar pake Thijs hat dat ek wat moais. Hy komt sels út in grut gesin mei njoggen bern. ‘Eartiids barde dat folle faker’, fertelt er. ‘Dan waardst gewoan nei ien út ’e famylje ferneamd. Tsjintwurdich is it faak allinnich noch in twadde namme.’

De bân tusken pake en pakesizzer is hecht. Se sjogge elkoar seker trije kear yn ’e wike. Woansdeitemiddei is de fêste oppasdei en soms ek freed. Dan hellet pake him op en geane se faak efkes lâns De Dikke Draai yn Surhústerfean. In iisko of in frikandel helje, dat fine se beide prachtich.

Mar ek by pake thús fermeitsje se har prima. Of sa’t pake Thijs it sels seit: se ouwehoere wat mei-inoar. Pake en heit hawwe tegearre in transportbedriuw en Thijs helpt dêr ek graach in bytsje mei.

By it fuotbal is pake ek in fêste supporter lâns de line. As pake der in kear net is, freget Thijs fuort wêr’t er is.

Neffens Jolanda lykje pake en pakesizzer ek yn harren karakter opelkoar. ‘Se binne allebeide net fan dy grutte praters. Se hoege net altyd op ’e foargrûn te stean. Mar se begripe elkoar wol.’ Miskien makket dat harren bân wol sa bysûnder.

Skriuwer: Mariska Vermaning
Foto: Hippe Kiek Fotografie

ferneamd

Ferneamd: Baukje & Baukje

Baukje hie har beppe al even frege wat sy oandwaan soe op de foto foar dizze heit&mem, en omdat dêr wat griens yn siet, hie se har eigen jurk dêr moai op ôfstimd.

Ferneamd: Gerrit

‘Doe’t ik foar it earst hearde dat der in lytse Gerrit berne wie, hie ik wol in brok yn ’e kiel. Ik hie it net ferwachte. It wie wol hiel bysûnder en earfol. Ik fyn Gerrit in moaie namme.

Ferneamd: Jitske

Jitske en har man wiene in wykeintsje fuort, doe’t har broer belle: ‘Wy ha in famke krigen! Se hyt fan Jitske.’ Jitske koe it hast net leauwe: ‘Ik tocht earst, dit is in grapke.

lewyna

Ferneamd: Lewyna

Lewyna Jelsma: ‘Ik hie hielendal net ferwachte dat ik ferneamd wurde soe. Dêr hie ik it noch noait mei ús dochter Anja oer hân. Mar doe’t se my nei de befalling belle en fertelde dat se harren famke Lewyna neamd hienen, waard ik wol emosjoneel. Myn namme komt net in soad foar, dus it wie in prachtige ferrassing.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2026 #1

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
In prachtich fergees tydskrift fol ynspiraasje, ferhalen en tips foar alle heiten, memmen en oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.

Yn dit nûmer:

❄️ In poster mei de fjouwer seizoenen om út te knippen en op te hingjen
👧🧒 In moeting mei de bern fan Mantgum en harren grutte dreamen
🎨 In bysûnder ferhaal oer synestesy: as sifers, wurden en muzyk kleuren hawwe
💞 Bonusâlders fertelle oer harren plak yn in gearstald gesin
📚 In earste aventoer fan de nije pjuttefreontsjes Tys & Teske
🚜 In blik yn in twatalige berne-opfang dêr’t boartsjen, bewegen en Frysk sintraal steane
🌿 Wêrom bûten boartsjen sa wichtich is foar de ûntwikkeling fan bern
👨‍🍼 In unike swangerskipskursus spesjaal foar oansteande heiten: Fan Bar- oant Baarkruk
👶 De moaiste bernepraatsjes dy’t dy grif laitsje litte
🍼 Alwer in Fries: in fotosearje mei nijberne poppen út Fryslân
👵 In moaie fotoreportaazje fan bern mei harren leave beppe
📵 Opfiede sûnder skermen
👨‍👩‍👧 Wannear ast ien bern krigen hast…
❤️ It yndrukwekkende ferhaal fan Bastiaan en syn soan Julian, dy’t deselde niersykte hawwe
✂️ Hoe ast moaie hertsjeslingers nifelje kinst!
💙 Oer Thys dy’t ferneamd is nei pake Thys
📖 De moaiste Fryske berneboeken

In tydskrift fol Fryske ferhalen, werkenning, humor en ynspiraasje foar it hiele gesin. En it moaiste? It is hielendal fergees! 💛

Bekijk magazine