Zoek op inhoud

Lêstip fan Keimpe augustus: Op it bouplak

Wat bart der op it bouplak?
Op de grutte platen kinne (ek jonge) bern al fan alles ûntdekke en oan ’e hân fan de lytse ferhaaltsjes wurdt op in ienfâldige wize útlein hoe’t alles der om en ta giet.

Wat bart der op it bouplak? Yn it nijbouplan wurde allegearre nije huzen boud en yn it sintrum fan de stêd moat in nije parkeargaraazje komme. Der ride grutte masines om foar it swiere wurk, der wurdt mitsele en timmere, elkenien is hurd oan it wurk!

Sjoch hjirûnder foar noch mear leuke aktiviteiten en tips dy’t passe by dit boek!

Filmke sjen!
WitWat ôflevering oer it bouwen fan in hûs

Yn dizze WitWat-fideo siket Noah út hoe’t in hûs boud wurdt. Yn har syktocht komt se by in arsjitekt en mei se har eigen dreamhûs tekenje. Ek komt se Iris Kroes tsjin dy’t in ferske sjongt oer har dreamhûs.

Klik op de ôfbylding om nei de website fan Tsjil te gean en de fideo te sjen.

Ferske sjonge!

Noch mear leuks foar by it boek:
Wat fine wy allegear yn in arkbak (‘gereedschapskist)? Kleurje de bouplak-kleurplaat, lês in moai gedicht oer in huzebouwer of meitsje in doalhof-puzel! 🙂

Klik op de ôfbylding foar de pdf.
Klik op de ôfbylding foar de pdf.
Klik op de ôfbylding foar de pdf.
Klik op de ôfbylding foar de pdf.

Boekresinsjes

De resinsje fan Andreja: ‘Op it bouplak’

De resinsje fan Leo: ‘Op it bouplak’

Op it bouplak

Wat bart der op it bouplak?
Yn it nijbouplan wurde allegearre nije huzen boud en yn it sintrum fan de stêd moat in nije parkeargaraazje komme. Der ride grutte masines om foar it swiere wurk, der wurdt mitsele en timmere, elkenien is hurd oan it wurk.
Op de grutte platen kinne ek jonge bern al fan alles ûntdekke en oan ’e hân fan lytse ferhaaltsjes wurdt op in ienfâldige wize útlein hoe’t alles der om en ta giet.

Op it bouplak is foar € 12,50 te keap yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.

De simmer-lêsbingo fan Keimpe!
Keimpe de Krokodil wol bern graach mear lêze litte. Dêrom hat Keimpe dizze leuke lêsbingo foar jim makke, spesjaal foar de simmer. Besykje op alle mooglike plakken en manieren te lêzen!

Klik op it plaatsje foar de download (PDF).  

Witst dat der ek in prachtige
Keimpe-hânpop-knuffel 
te keap is?


Mear witte oer Keimpe? 
Sjoch op: